SDS en it lot fan sv Hielpen

SDS 1 – CVVO 1 2-1
21 oktober 2019
Weppers tiisdei 22-10-2019
22 oktober 2019

SV Hielpen

Ien fan de wethâlders fan Snits hat snoade plannen. Hij wol bepaalde sportakkomodaasjes ôfstjitte. Hij neamde ûnder oaren it fuotbalfjild fan sv Hielpen. De klup en it fjild dat de measten fan ús goed kinne.  Sneontejûn ûntstie op twitter ûnder lieding fan vv Willemsoord in aksje om in protesttoernoai te hâlden om dit ûnsportive foarnimmen de see yn te drukken. De measte klups út de súdwesthoeke reagearden posityf en sa ûntstiene der al gau 4 poultsjes mei 4 of 5 klups.  Wêrûnder SDS. Wannear en hoe en wat is net dúdlik, mar it sinjaal nei de gemeente ta, wurdt  dan wol dúdlik.

De fjilden fan sv Hielpen yn byld

In jier as wat lyn stie op in facebookside in moai ferhaal oer de fjilden yn Hylpen mei foto’s fan it âlde en it nije fjild. Sjoch hjir

SDS en Hielpen

It earste alvetal van sv Hielpen sit sûnt 2017-2018 net mear yn de standert klasse. sv Hielpen 1 spilet no meast tsjin SDS 4.  SDS 1 en Hielpen 1 hawwe hielendal net faak bijelkoar yn de kompetysje sitten.
It lêste seizoen wie 1980-1981 mei op 27-9-1980 in 1-0 oerwinning  foar SDS 1.
Yn de Treffer fan 1981 stiet:
Hielpen thuis kon de stand van 1-0 achter handhaven door formidabel keeperswerk fan Arnold Eekma. Wouter Hylkema was via een afstandsschot de matchwinnaar

Op 4 april 1981 wie yn Hylpen de alderlêste wedstriid ea tsjin harren. Hielpen wûn mei 3-1 en troch dat iene doelpunt fan SDS 1 giet Siepie Visser de boeken yn as de lêste doelpuntenmakker tsjin Hielpen 1.
Yn de Treffer fan 1981 stiet:
Toen volgde de wedstrijd uit tegen Hielpen. Een wedstrijd om snel te vergeten. Ongemotiveerd en onderschatting waren waarschijnlijk de reden dat SDS op een verschrikkelijke manier de boot inging in deze zo belangrijke periode van de competitie.

It ien nei lêste seizoen wie 1968-1969. Doe spilen de Hylpers noch op in fjild tsjin it Iselmar oan. Dat fjild is yn 1975 ticht gien.
Yn 1968-1969 sieten SDS 1 en Hielpen 1 yn de FVB 1 A klasse. Hielpen waard doe kampioen en wûn dat seizoen mei 6-2 en 0-3 fan SDS 1.

1978-1979

It binne foaral de oare teams fan SDS west dy’t fuotballe hawwe op it fjild yn Hielpen neidat se brêgje oer klommen wiene om op it fjild te kommen. Sa as dit stikje út 1979 fan SDS 4.

Gehaktbollen yn kantine

Bij de 35 + fan SDS fan eartiids wie in sneon net allinne slagge at er trije punten binnenhelle waarden, mar ek at er bier yn fleskes wie en at de kwaliteit fan de gehaktbol goed wie. Foar de gehaktbollen wie Jacob Plantinga de opperpriuwer. It stiet ús sa bij dat hij loovjend  oer de kwaliteit fan de gehaktbol yn de kantine fan Hielpen wie.

Oer de fleskes bier binne nea gjin klachten binnekaam.