Weppers tiisdei 20-5

Op nei it gemeentehûs!
18 mei 2014
Freed slotjûn SDS-jeugd
21 mei 2014

B1 yn aksje
B1 komt jûn thús yn aksje tsjin koprinner Sparta B1. De wedstriid begjint om 19.00 oere en sjoen de útslaggen fan de lêste wiken binne de jonges aardich op dreef. Mei noch trije wedstriden te gean kinne sy sels noch kampioen wurde. Lit ús it mar in útgeanstip neame.

Slotjûn SDS-jeugd
Kommende freed is de slotjûn foar de jeugd fan SDS. It begjint om 17.00.

Spiler fan it jier!
Jelmer Posthumus is ôfrûne sneon útroppen tot spiler fan it jier by SDS 1. Dat soe best ris mei komme kinne troch syn sangkwaliteiten:



A1 en A2 traine net
Tiisdei traint de A1/A2 helaas net, ik bin d’r net, en ik ha net een ferfanger fiene kinnen.
Boudewijn.


D2, D3 en D4
D2, D3 en D4 traine fannemiddei mei syn allen fan 16.30-17.30.

Gemeentehûs
Wy binne noch net op de hichte fan hoe ’t it juster op it gemeentehûs ferrûn is, mar wy hawwe wol lêzen dat de gemeente der minder min foar stiet dan de kranten ús leauwe litte wolle. Der stiet allinnich net by of it keunstgersfjild dêr al by rekkene is of net…………(klik
hjir).

Dribbelmarathon
Tige nijsgjirrich fine wij it initsjatyf fan Mark Postma. Hij wol in dribbelmaraton rinne/drave. Mei de bal oan de foet 42 kilometer lang. Hij siket noch guon dy’t in eintsje mei him opdribbelje wolle. Sjoch foar mear info op
syn webside.

Harsens derby(1278)
Eins is Barcelona dus kampioen……….