Weppers tiisdei 2-4-2019

Unibet nije stiper vv SDS!
1 april 2019
SDS-League: ‘Onbesuisde Hokkeling’ pakt wykpriis!
3 april 2019

1 april!

Jim hienen it fansels wol yn de gaten, mar ús nijs juster dat Unibet stiper wurdt fan SDS wie fansels in 1-aprilgrap!

VTON-jûn foar leiders en trainers fan SDS

Moarntejûn sil Lourens van der Pol in útlis jaan oer it gebrûk fan de VTON-app mei help fan in presintaasje en in proeftraining. Alle leiders en trainers fan SDS binne fan herte útnoege. De ynrin is fanôf 18.45 oere en 19.00 oere giet it los.

SDS 1 op de foto

Sneon wie it moai waar en koe der eindelijk in moaie foto makke wurde fan SDS 1 yn de ‘nije’ sjurts mei koarte mouwen. Is it net in plaatsje?

Ajax – PSV

Gert-Jan Hiemstra wie sa gespannen foar Ajax – PSV fan snein dat hy sneon yn de goal by SDS 3 al geregeld op syn tillefoan siet te sjen as der noch nijs wie……….

Jan-Joost by SDS

SDS 3 wie 2 wiken werom by Foarút en fierden nei de wedstriid grut fesst mei DJ/sjonger Jan-Joost. It like SDS 3 ek wol wat om dizze sjonger ris yn de kantine te hawwen. Dan moat dat altiten wêze fansels. Sa ’t it no liket komt Jan-Joost op sneon 18 maaie as sawol SDS 1 as 3 harren lêste thúswedstriden hawwe.
Afbeeldingsresultaat voor jan joost zanger

SDS-League

Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

SDS-tas foar mar 15 euries!

Yn gearwurking mei Muta-Sport kinne wy noch in pear SDS-tassen ferkeapje foar mar 15 euries!
Wolle je ek sa ’n tas, keapje dan sneon ien yn de bestjoerskeamer!
Der binne noch sa ’n 5 tassen te krijen.
De tassen binne nûmere fan 58-69.
Op=op!
Underyn de tas sit in spesjaal fak foar de fuotbalskuon.
Normaal koste dizze tassen 33 euries.

 

Harsens derby (2121)

‘Tikkie werom, Jaap!’
Ball comes over and it’s a great finish from this….DEFENDER 😂😂

 

 

Letter miskien wol mear!