Unibet nije stiper vv SDS!

Sneon 30-3-2019
29 maart 2019
Weppers tiisdei 2-4-2019
2 april 2019

Mei help fan de SDS’ers dy ’t fûleindich gebrûk meitsje fan gokkantoor Unibet hawwe wy it foarelkoar krigen om harren oan ús klup te binen!

Unibet sjocht in bult mooglikheden om harren spesjaliteit út te wreidsjen nei it amateurfuotbaljen en sjocht SDS as ideale feriening hjir foar.

Sa wurdt de SDS Mini-League folgend seizoen stipe troch Unibet om de jeugd al op jonge leeftiid yn oanrekking komme te litten mei it gokken op fuotbalwedstriden. Sa kin der by de SDS-Mini-League ûnder oare ynsetten wurde op wa ’t de earste goal makket, wa ’t as earste gûld en wa ’t as earste ûnderút helle wurdt.

By de wedstriden fan SDS 1 is der gjin ferlotting mear op it nûmer fan it programmaboekje, mar by it tagongshokje kin oanjûn wurde wa ’t jo tinke dat it earste skoord, de earste yngoai nimt en wa ’t as earste wiksele wurdt en yn welke minút! Efentueel kin ek it tal giele kaarten meinommen wurde.

Nei de wedstriden fan SDS 1 hawwe wy gjin Draaiend Rad mear, mar kin der ynsetten op wa ’t it measte bier op kin en wa ’t it snelst in frikandel op kin en hoe snel. Dit soe efentueel útwreide wurde kinne mei wa ’t it snelst in bitterbal op hat as in hiele drûge woarst efter de kjizzen. Dêrneist kin der ynsetten wurde op wa ’t it earst yn de kantine troch de frou belle wurdt om thús te kommen.

Der kin op fan alles gokt wurde by amateurfuotbaljen. Tink oan:

  • tal kaarten op in sneon
  • tal goals op in sneon
  • de earste eigen goal
  • tal taskôgers
  • ………………………….

 

Wolle  jim alfêst ynsette of hawwe jim in idee oer wêr as je jild op ynsette kinne, mail dan nei info@vv-sds.nl!

Wy sette yn op in tige noflike gearwurking!

Afbeeldingsresultaat voor unibet