SDS-League: ‘Onbesuisde Hokkeling’ pakt wykpriis!

Weppers tiisdei 2-4-2019
2 april 2019
Weppers woansdei 3-4-2019
3 april 2019

It is dizze wike ‘Onbesuisde Hokkeling’ fan Lourens en Tjerk van der Pol dy ’t mei 57 punten de wykpriis pakt. Sy hawwe krekt ien puntsje mear as ‘FC K(n)udde’ fan Simon Bruinsma út Lollum.

Marten Faber bliuwt mei ‘op nei de Top’ koprinner mei de 4 B’s ‘Brekken Boys’, Beter Horen’, ‘Brouwer Power en ‘Bulder’ krekt efter him oan! It ferskil tusken de nûmer ien en nûmer 10, ‘FC DWO’ is mar 13 punten, dus it kin noch alle kanten út.

Jaap Toering set mei ‘Torpedo Toering’ wer alles op alles om ‘Aan de kant ik moet naar ’t stadion’ fan Sjoerd van Beem by te heljen, mar it gat bliuwt 11 fleskes………

‘Niffo’ fan Erik Haitsma stiet 47e en presteart dúdlik ûndermaats. Ut ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat hy no sjen sil dat hy sneon by de SDS-Mini-League better syn jild ynsette kin……

De reade lantearn hat ‘Henkie Cola’ fan Henk Postma dizze wike oer dien oan ‘It is mar in spultsje’ fan Aant Hofstra.

SDS League 2018-2019 stand twadde helte wike 7