Weppers tiisdei 2-2

Weppers moandei 1-2
31 januari 2016
Weppers woansdei 3-2
3 februari 2016

Oefenje
SDS 1 traint jûn net, mar sil moarntejûn oefenje. Sy dogge dat op ‘e nij yn Boalsert op keunstgers. Dit kear net tsjin sc Bolward sneins, mar tsjin sc Bolsward sneons 1.

Programma seal
Woansdeitejûn om 20.30 oere spilet SDS seal thús tsjin Haskerland 5.

Programma sneon
Foar sneon binne der ek wer wat fjildwedstriden ynpland. SDS 3 moat nei sc Bolsward 3 en SDS moat it thús opnimme tsjin Tzum 2, dat der sneon spesjaal foar de kommende derby  noch efkes in traininkje tsjinoansmiet.
Ek A1 mei wer los en C1 sil oefenje. SDS A1 spilet as nûmer 2 yn Frjentsjer de topper tsjin nûmer 3, sc Franeker A1.

Ynhelje?
De KNVB hat noch gjin nije datum trochjûn foar SDS 1 – Mulier 1. Dat soe kommende sneon wurde kinne en oars sneon 27 febrewaris.

De seal yn
SDS 3 en 4 sille woansdeitejûn yn de seal traine. Wa ’t meidwaan wol graach trochjaan oan Arjan Hallema. It begjint om 21.30 oere.

Transfers
De wichtichste “transfer” yn de winterstop wie miskien wol dat Ziyech net fuortgie by FC Twente. De lju dy ’t wol feroare fan klup yn de Eredivisie kinne jim
hjir sjen.

Te lyts……….
Permalink voor ingesloten afbeelding
Nije wike hawwe guon fan SDS wer in petear mei de Skoalleseize oer hoe ’t it keunstgersfjild der út komme moat te sjen. De dug-outs moatte yn elts gefal net te lyts…….
Hjirboppe sjogge je Lukaku fan Everton dy ’t mei de FA-Cupwedstryd tsjin Carlisle United mar krekt yn de dug-out past.

De Skoalleseize
By de Skoalleseize hat in bestjoerswikseling plak fûn. Om te sjen wa ’t je wêrfoar hawwe moatte kinne je it beste efkes sjen by de link nei de Skoalleseize lofts yn it menu.

Harsens derby (1665)
BAM!!