Weppers tiisdei 19-9

Gjin trainen op moandei!!
18 september 2017
Weppers woansdei 20-9-2017
20 september 2017

Traine

Der kin wer traind wurde op it keunstgers. Efter de sporthal is it noch te wiet en kin net traind wurde. Foar de boksen mei sawisa net traind wurde.

Keunstgers by Blauw-Wit ’34

By Blauw-Wit ’34 yn Ljouwert wolle se ek graach keunstgers hawwe om der foar te soargjen dat der altiten fuotballe wurde kin. Of nei juster miskien better sein ‘hast altiten’. Dan sil it keunstgers der ynkoarten al gau yn lein wurde moatte, want it is op it heden fiersten te wiet om de keunstgersfjilden te lizzen. Op dit momint hat Blauw-Wit sels mar ien fjild wêr ’t op fuotballe wurde kin. En dat mei 1200 leden….. Foar SDS bestjut it dat de JO17-3 en de JO15-3 beide dizze wike harren ynhelwedstriden tsjin Blauw-Wit net fuotbalje kinne. Wy hoopje foar Blauw-Wit dat it gau drûch wurde sil (sjoch ek hjir).

Oeverzwaluwen 1 – SDS 1

SDS 1 begjint de kompetysje kommende sneon mei in útwedstryd tsjin Oeverzwaluwen 1. Oeverzwaluwen hat in noflike tarieding hân op it nije seizoen mei 3 oerwinningen yn de beker. Sy wûnen mei 4-1 fan Workum 1, mei 3-1 fan Arum 1 en mei 9-1 fan Hylpen 1.

Earste thúswedstryd fan SDS 1 op sneon 30 septimber om 15.00 oere

Op sneon 30 septimber spilet SDS 1 syn earste kompetysjewedstryd thús tsjin Oudehaske 1. Dizze wedstryd begjint net sa ’t jim fan ús wend binne om 14.30 oere, mar om 15.00 oere. Dit om ’t it oars net slagget om alle ploegen fan SDS fuotbalje te litten. As skiedsrjochter stie op Voebal.nl earst dhr. E.J. Bruinsma, mar dat moat J.A. Visser wêze……..

Kishna/Heerma

Yn 2012 stienen Inne Heerma en Ricardo Kishna (doe noch Ajax A1) tsjinoer elkoar yn in wedstryd tusken de heiten fan D1 en de fuotballers fan D1. No rint Inne Heerma op krukken neidat hy oan de knibbel opereard is en jild dat ek foar Ricardo Kishna dy ’t neidat hy yn Ajax 1 en by Lazio Roma fuotballe hat no werom is by syn earste klup ADO Den Haag en ôfrûne snein syn foarste krúsbân fan de knibbel skuord hat.

Afbeeldingsresultaat voor kishna sds

Wa wurdt de 50e winner fan de SDS-League?

Juster leinen de earste dielnimmersformulieren foar de nije SDS-League wer yn de kantine. Sy moatte ynlevere wurde foar sneon 30 septimber 19.00 oere. SDS 1 spilet op sneon 30 septimber thús tsjin Oudehaske. Wayne Rooney hat syn team al ynlevere, mar hy hie miskien better wachtsje kinnen oant hy wer nuchter wie……;) (sjoch hjir).
Jim kinne hjir alles fine oer de nije SDS-League!

Fan herte lokwinske!

Sawol Floris Hiemstra as Boudewijn Kramer is hjoed jierdei! Beide fan herte lokwinske!

foto van Floris Hiemstra. foto van Boudewijn Kramer.

Harsens derby (1922)

It mei dúdlik wêze dat de beste ferdediger fan Ajax op it stuit by Olympique Lyon fuotballet………….