Weppers woansdei 20-9-2017

Weppers tiisdei 19-9
19 september 2017
Weppers tongersdei 21-9
21 september 2017

Der kin wer traind wurde efter de sporthal!

It trainingsfjild efter de sporthal is wer wat opdrûge en der kin dus wer op traind wurde!

Standen beker poules

Noch lang net alle wedstriden binne spile yn it bekertoernooi, dus jout dit oersicht wat einstannen, mar foaral tuskenstannen fan alle teams fan SDS, dy’t meidogge yn de beker.

Seal

De sealjonges geane jûn foar in oerwinning nei it Hearrenfean. Om 19.30 begjint de wedstriid tsjin Futsal Heerenveen.

SDS 1 thús om 15.00 oere

SDS 1 sil dit seizoen syn thúswedstriden om 15.00 oere spylje. Om ’t der safolle teams by SDS binne dy ’t op in grut fjild spylje is it programma aardich fol en is dit de ienige manier om alle teams fuotbalje te litten.

SDS JO10-1

At jim it oersicht fan de beker besjoen hawwe dan hawwe jim konstateard dat SDS JO10-1 der goed foarstiet, mar jûn it beslissende potsje fuotbalje moat tsjin Oosterlittens JO10-1. Winne soe moai wêze, mar op basis fan doelsaldo is in gelykspul genôch om troch te bekerjen.

Hoe om te gean mei it keunstgersfjild?

Yn alle boksen hinget no hoe je om gean moatte mei it keunstgersfjild.

SDS-manager?

Wy binne drok dwaande om in soartefan ‘SDS-Manager’ op te setten. Dat betsjut in soartefan SDS-League, mar dan mei spilers fan SDS. Wy hâlde jim op de hichte!

Lotterij

By vv Ouwe Syl hawwe sy wol in hiele bysûndere manier fûn om jild yn te sammeljen foar in nije akkomodaasje. Sy hâlde in lotterij mei as haadpriis…………..in hûs! Sjoch hjir mar ris!

Harsens derby (1923)

By VfL Bochum makke ferline wike ien by in 1-0 efterstân in wiere schwalbe. Doe ’t de skiedsrjochter fluite foar in penalty gie hy der lyk hinne en sei dat hy him falle liet. Sportyf en dit sil úteinlik der ek wol foar soarge hawwe dat Bochum úteinlik ek noch mei 2-1 wûn.