Weppers tiisdei 19-6

Simmerstop
19 juni 2017
Weppers tiisdei 27-6
27 juni 2017

Spyldagenkalinder 2017-2018

No ’t wy it ôfrûne seizoen efter de rêch hawwe kinne wy wol foarútsjen nei it folgende seizoen. De kompetysjes begjinne wat letter as oars op sneon 23 septimber en de lêste kompetysjewedstryd is op sneon 26 maaie. Dit jild normaal sprutsen foar alle teams. Jim kinne de hiele spyldagenkalinder hjir fine.
It bekerprogramma begjint op sneon 2 septimber.

Kompetysje-yndielingen 2017-2018

De kompetysje-yndielingen foar de A-kategory wurde op 5 july bekend makke. Foar de B-kategory sil dat op 21 july wêze. Yn it koart sil it der op del komme dat SDS 1, 2 en de JO19 op 5 july bekend makke wurde en de rest letter.

Lytse poppe

Tineke Kamstra en Marco Rijpkema hawwe ôfrûne freed in jonkje krigen. Danian is dêrmei de grutte broer fan Stefin wurden! Fan herte lokwinske!

Lokwinske!

Pieter Sijtsma (ek wol Siiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiitsma!) hat ferline wike syn rydbewiis helle. Fan herte lokwinske!
Foto fan Autorijschool Hayo Scholte

‘Kampioen!’

Matthijs Postma en Habtamu de Hoop hawwe mei ONS JO19-1 úteinlik dochs noch de 3e-Divysje berikt troch yn de finale fan de neikompetysje mei 2-0 te winnen fan AZSV yn Hoogeveen. It koste harren it matinee op de Wommelser Feesten, mar dit makke in bult goed.

Wolkom werom!

Ôfrûne freed kaam Jacob van Wieren wer thús yn Wommels nei in jier fuort west te wêzen nei Australië en Nij-Seelân. Nei in jier net fuotbald te hawwen begjint it alwer wat te kribeljen en stie Jacob juster al op it WK (Wommelser kampioenskip). Spitich genôch koenen de jongens út Wommels en omkriten net sa goed oer de waarmte as Jacob en lieten sy it ôfwitte.

Wommelser Kampioenskip

Woansdeitejûn stiet der fansels wol wer in écht WK op de aginda. De temperaturen lykje foar moarn net sa gek en dat betsjut dat der om 19.30 oere balle wurdt op it skopfjild yn Wommels.

Afbeeldingsresultaat voor wk wommels

Materialen ynleverd

It liket der op dat Klaas de Haan 2 dagen foar de Eastereiner Feesten alles binnen hat. Dat liket der op!

Alderaardichst

Dit is fansels bliksemslestich wikseljen………

Harsens derby (1903)

Hoppaté!