Weppers tiisdei 27-6

Weppers tiisdei 19-6
20 juni 2017
Teamyndielingen JO15
28 juni 2017

Komkommernijs

De wepmasters hawwe it op it heden wat drokkich mei ien en oar en dêrtroch efkes net folle te melden. Sa gau as wy wat mear komkommernijs hawwe dan melde wy ús ek wer faker. Hawwe jim noch komkommernijs mail it dan nei info@vv-sds.nl!

Nije Treffer

Noch altiten binne wy dwaande mei de lêste Treffer fan it seizoen. Wy hawwe allinnich noch net alle stikjes binnen. hawwe je noch in stikje oer b.f. je eigen team mail it dan nei DeTreffer@vv-sds.nl!

Teamyndieling JO15

As it goed is dan kinne jim moarn de teamyndieling fan de JO15 hjir op de webside fine.

WK 22 juny

Dit wie alwer de twadde edysje fan it Wommelser kampioenskip. Dizze kear wienne der njoggen man op it skopfjild. it wie nog al in diskusje hoe we dit dwaan soeden. It waard úteinlik viif tsjin fjouwer. Team ‘Giel’: Elger, Hendrik Teun en Remco. Team ‘lange halen gau thus’: Willem, Jacob-lange-bal-Klaas, Erik, Arjen en Eeltsje.
Elger – wie fel op e bal!
Hendrik kriig in compliment dat der snel wie
Teun – makke dit kear wol in hattrick (en miste der ek wer ien)
Remco moest wenne oan it fjild
Willem- wie foarien wer beestachig
Jacob-Klaas – docht wat Jacob-Klaas altyd docht
Erik – hie it verfjen yn e fuotten
Arjen – wie alwer de kreaste
Eeltsje – makke de iene nei de oare
De earste helte waard wun troch team ‘lange halen gau thus’ mei 9-7. Willem ‘moest syn soan ophelje’ dus gong de twadde helte fjirder mei fjouwer tsjin fjouwer. No wie team ‘Giel’ fansels krekt waarm wurden en begongen se de stjerren fan e hiemel te spyljen en woennen se de twadde helte mei 5-2 de leatste goal waard creëert troch Teun die nei in underskepping en prima aksje de bal breed lei wernei de skriuwer fan dit stukje de bal tsjin de netten skowe koe. Dit stukje is skreaune mei it motto fan iedere studint: ‘liever goed gejat dan slecht bedacht’
Remco Hylkema

WK 26 juny

Mar leafst 6 dielnimmers stienen der juster om 19.30 oere op it skopfjild yn Wommels. Dat betsjut dat je 10 dingen dwaan kinne en it waard úteinlik it lêste; in stevich WK-potsje 3 tsjin 3.
Wa wienen der wol?
Team ‘knalgiel’:
Jacob van Wieren: soe hy Down Under O-benen krigen hawwe?
Hendrik E.: leert hieltiten better op in bal te balanseren
Teun: hoe minder lju der binne hoe minder hattricks dy mist
Team: ‘aaigiel’ 
Anne: sil probearje de loop foar dit seizoen wat leger ôf te stellen
Remco: net stikken te krijen
Willem: hat him blykber it hiele seizoen sparre foar it WK
It idee wie om rêstich efkes noflik te baljen, mar al nei inkelde minuten spatten de fonken der fanôf. In wiere slijtaasjeslach wêr ’t in marathon neat by is. Gean en fleane en kounterje of hong je libben der fan ôf. De earste partij gie nei in dik heal oere nei ‘knalgiel’ mei 15-13.
‘Der komt dochs net noch in partij?’
Jawis!
De mannen koenen der gjin genôch fan krije. By 8-7 waard der in beslút naam. Wa’t it earst 10 hat dy hat wûn……….
By 9-9 moast dizze rigel allinnich al wer oanskerpe wurde. ‘Mar wol mei 2 goals ferskil’.
Noch in skepke der boppe op dus. Úteinlik luts team ‘aaigiel’ oan it langste ein en wûn úteinlik mei 16-14!
Willem

WK

Moarn is der wer in WK om 19.30 oere op it skopfjild yn Wommels. Wy binne benijd wa ’t it oan doart!

Harsens derby (1903)

Dit is pas in schwalbe!

Daliks mear!