Simmerstop

Nije teamyndielingen jeugd (famkes)
19 juni 2017
Weppers tiisdei 19-6
20 juni 2017

Alle kompetysje binne dien en wy kinne foarútsjen nei it nije seizoen. Inkelde teams binne noch yn training op it keunstgers. Dit kin noch oant 1 july. Hjirnei giet it fjild in skoftke ticht oant SDS 1wer begjint te trainen. Dit sil heechstwierskynlik begjin augustus wêze. Dat betsjut dat it fjild in goeie 5 wike rêst krijt.

Dêrneist is it net de bedoeling om op it keunstgersfjild te fuotbaljen sûnder dat je hoefe te trainen. It docht bliken dat der wolris wat stikken giet en it komt sawisa it fjild net ten goede. Dêrneist lizze der mei dit waar prachtige fjilden yn Itens, Wommels, Turns en Hidaard. It keunstgersfjild sil dêrneist it nedige ûnderhâld krije. Sa sil trochmjitten wurde as der noch genôch rubbergranulaatkorrels  op lizze en efentueel oanfuld.
It trainingsfjild efter de sporthal is trochsiede en it B-fjild wurdt folledich brûkt troch de Keatsferiening.

Oant it nije fuotbalseizoen!!

út namme fan it SDS-bestjoer,
Willem Wijnia

Image result for onderhoud kunstgras