Weppers tiisdei 19-5-2020

Weppers tongersdei 14-5-2020
14 mei 2020
Weromsjen op 1991-1992
25 mei 2020

Trainen SDS 1

SDS 1 sil, ynstee fan kommende tongersdei, sneon om 14.00 oere traine.

Goals opromje

Graach nei it trainen de goals opromje sadat de fjildfrijwilligers it keunstgersfjild fersoargje kinne.

Lieders SDS 4

De lieding fan SDS 4 foar kommend seizoen is ek wer rûn. Igor Kalinowski nimt kommend seizoen swangerskipsferlof op. Syn drege taak sil oernommen wurde troch Allert Turksma. Dat betsjut dat folgend seizoen Gert-Jan Hessels, Johan Postma, Eeltje Postma en Allert Turksma de karlûkers fan SDS 4 binne. Wy binne grutsk op jim!

Alde Treffers

Wy kamen noch 12 Treffers tsjin dy ’t noch digitaal makke wurde moatte om hjir op de webside te setten en dan binne wy in hiel ein. Dizze lizze ynmiddels by de Mik om scand te wurden.
It soe hiel moai wêze as wy de Treffers noch fine fan begjin jierren ’70 dy ’t wy noch misse, mar dat sil wol in toer wurde. Of soe der ien yn dizze Coronatiid ris goed de solder neisjoen hawwe en noch wat fûn hawwe? Wy heare it graach!

Keunstgers

Wêr ’t yn de Eredivisie hieltiten minder keunstgersfjilden binne, komme der yn it amateurfuotbal hieltiten mear. Heerenveense Boiys hie al in keunstgersfjild, mar no wurdt ek it gers fan it haadfjild helle en komt der keunstgers foar yn it plak.

Harsens derby (2231)

De earste penalty wer nei de Corona-quarantaine…………..