Weppers tongersdei 14-5-2020

Spulrigels trainen (15 maaie)
13 mei 2020
Weppers tiisdei 19-5-2020
19 mei 2020

SDS: Sjippe Drafe Sjippe

By SDS hawwe wy no ek sa ’n hygiënepeal om je hannen te woskjen. Sa lang as de Corona der is stiet SDS foar Sjippe Drafe Sjippe. Of hawwe jim noch oare suggestjes?

SDS Vr.1 is wer los!

Justjerjûn hawwe de froulju fan SDS Vr.1 wer ris traind! En dy wienen tige enthousiast! Wol op 1,5 meter fansels!

Sa is it

De betelle fuotbalklups roppe en raze om jild fan it oerheid omdat der in firus is. It is ferfelend dat er gjin betelle fuotbal is,  want no is der hielendal neat mear oan de tv. Mar at er jild fan de oerheid nei de sport moat om te helpen dan binne wij it folslein iens mei Thijs Zonneveld. Hij beskriuwt it sa yn it AD.

Bunniksite en bar

It kin om de Bunniksite wol er los yn Easterein mei SDS 1.
Sij sjogge der nei út om harren plakje wer yn te nimmen op de sinnige kant fan it A-fjild.
It wurdt wat dringen mei 150 sentimeter der tusken, mar mei in bank der bij is dat wol op te lossen.
De Bunniksite sil der sels goed op tasjen (en yn wurd en gebaar oanjaan) dat foarbijrinners tsjin it stek oanrinne moatte om de Bunniksite koroanafrij te hâlden.
Dat sil in lestige opjefte wurde foar sommigen en sij tinke dan meinamme oan Geert Hiemstra dy’t altyd efkes lânskomt en ornaris efkes fûsket mei de iene, efkes krûpt mei de oare, in hege fiif jout oan in klupgenoat en hjir en dêr ek noch in klap fan freonskip útdield oan sawat elkenien.

Dat de bar mar beset wurde mei mei in stik as fjouwer supporters skeelt ek al wer op de Bunniksite. Der sille no guon al healwei de earste helte bij SDS 1 harren plak oan de bar opsykje, wylst dat oars 5 minuten foar it rêstsinjaal is.  It kin ek wêze dat guon der gelyk al hinne gean.
Hoe’t it nei ôfrin komt bij de bar is de fraach.  Is it kollektyf Lollum/Waaksens yn steat op tiid harren plak yn te nimmen? Of binne Klaas Overal, Andries Stuiver, Jan Los en Tamme de Boer krekt efkes tûker en nimme dy de plakjes yn?
Of hâlde Bunniksite lju de plakjes beset en wikselje dy elkoar wat ôf oan de bar.

Wij sille it sjen. De Bunniksite is der wol wer klear foar. No de maatskippij noch.

SDS 1 yn 1991-1992

It is geweldich sa moai at Wichard Deinum de seizoenen fan SDS 1 bijholden hat doe’t hij fuotballe.
It kin hast net better.  Sa kinne wij de jierren 90 hielendal moai yn byld bringe.
Nee, net hielendal.
Wichard hat troch wurksumheden ien jier net fuotballe. Dat wie yn 1991-1992 doe’t SDS kampioen waard yn FVB 1A. Wij freegje ús ôf at syn ferfanger it ek allegear sa moai bijholden hat. Dan soene wij dy kranteknipsels  graach ha wolle.  Dan binne wij hielendal kompleet.

SDS 1 yn 1992-1993


Yn 1991-1992 promovearre SDS 1 fan FVB 1A nei de FVB Haadklasse,  Sa as hjir boppe oanjûn dêr hawwe wij gjin bylden fan.
It seizoen 1992-1993 wie ek in suksesfol jier.
Belibje it mei bij it sjen fan al dy kranteknipsels en foto’s. Sjoch hjir.

Harsens derby (2230)

Toet, toet!