Weppers tiisdei 19-5

SDS-jûn: Opjaan foar barbekjoe op 30 maaie!
18 mei 2015
De grutte SDS-feiling!
19 mei 2015

SDS-jûn: Opjaan foar de barbekjoe!
Hasto dy al opjûn foar de barbekjoe op de SDS-jûn? Doch dat dan gau hjir, want de “fegetariërs” fan SDS 1, Jelmer, Erik en Jacob-Klaas hawwe dit justermoarn lyk al dien.


SDS-jûn: goed fleis op de barbekjoe!
Dat der goed fleis komt op de barbekjoe op de SDS-jûn kin net misse. Oars wie it net âld-slachter Lolke Bouma dy ’t him as ien fan de earsten opjoech.

De bank fan SDS 4

De bank fan SDS 4 en dan bedoele wij net de meast linkse.
Neffens Jappie Wijnia dy’t de foto makke “een tiener, een twintiger, een dertiger, een veertiger en een grens van 50plus”.
Dat is dan miskien hoe’t se der útsjogge……

Neikompetysje SDS 2
SDS 2 is noch altiten yn training en wachtet op de neikompetysje. De earste wedstryd hawwe sy thús op 26 maaie om 19.00 oere. Sneon 30 maaie meie sy dan út fuotbalje en de finale is op sneon 6 juny.

Puntdakje


It liket gâns oars op de Skoalleseize, no’t de klaaiboksen in puntdakje krije. Frijwilligers wiene ek sneon wer dwaande.

Standen
De standen fan de teams fan SDS sjogge der
sa út. Der soe noch best wol ien kampioen wurde kinne.

Ek Albert Ruiter giet foar keunstgers
Âld-SDS’er Henk Ruiter  bestelde al keunstgerslotten fia de webside en no hat ek syn broer en âld-SDS’er Albert út Gorredyk lotten besteld. Dat stelle wy tige op priis!

Abramovitsj fan vv Nijland stipet SDS!
Ek de Abramovitsj fan vv Nijland, Jouke Huitema, hat sneon in bult SDS-keunstgerslotten kocht. Der wie gjin fuotbaljen yn Nijlân, dus seach hy efkes yn Easterein op it fuotbalfjild. Hy krige in bakje kofje oanbean yn de bestjoerskeamer en liet it him goed smeitsje. Hoefolle lotten as hy kocht hat? Litte wy it sa sizze dat hy heechstwierskynlik it meast kans makket op de haadpriis.

SDS-keunstgerslotten bestelle?
Je kinne noch altiten lotten foar de keunstgersaksje bestelle fia dizze webside. In lot kostet €10,- en de haadpriis is €3000,-. Wa kin dat no net brûke? Dêrneist is de kans gans grutter om by SDS wat te winnen as by de Staatsloterij.

It jild fan de SDS-keunstgerslotten ynleverje!

Fierwei it grutste part fan de SDS’ers hat syn jild fan de keunstgerslotten al ynlevere, mar noch net eltsenien.
Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein

Graach dizze wike sadat wy ús hielendal rjochtsje kinne op de SDS-jûn nije wike!

Harsens derby (1502)
“Tikkie werom, Jaap!”