Weppers tiisdei 18-12

Ferslach A.HAK-sealtoernoai D-pupillen
17 december 2012
Koppie…koppie 1
18 december 2012

A.HAK-sealtoernoai foar E- en F-pupillen
Op sneon 5 jannewaris is net allinnich de snertrin en de nijjiersgearkomst fan SDS, mar ek it jierlijkse sealtoernoai foar E- en F-pupillen. Lês der
hjir alles oer en jou je op.

SDS 2 en 3 yn de seal en nei de sportskoalle
Ôfrûne sneon ha de mannen fan SDS 2 en 3 wêr efkes yn de seal oan it baljen west.
Mei inkele gastspilers (Sicco, Wytse en Kris) waard der strieden om de heechste ear.
Team 1: Wytse, Ayanle, Sjoerd v. B., Gerrit, Remon en Bote
Team 2: Kris, Jelte Pieter, Hendrik E., Ralph, Arjen L. en Jan Simon
Team 3: Feite, Bauke, Hendrik de J., Willem en Sjoerd R.
Team 4: Anne, Sicco, Jan Simon, Robert en Sytse K.
Nei de poule wedstriden waard dúdlik dat team 2 en 3 stride moasten om brûns. Team 3 wûn dizze striid mei 3-0. De finale gie tusken team 1 en 4. Team 1 wûn it goud op kondysje mei nipte sifers; 3-2.
Al mei al in slagge jûn, mooglik geane we ynkoarten wer de seal yn, hâld de website yn ’e gaten!
Oankommende tiisdei geane we nei de sportskoalle. Graach om 20.20 oere oanwêzich, dan kinne we om 20.30 oere starte.
Groeten,
Marco

Krystbuorrel

Wij krigen it fersyk fan it bestjoer om dit berjocht del te setten: 
Tongersdei gjin trainen mar wol efkes neisitte is it idee. De earste helt fan it seizoen yn stijl bedrinke en oertinke. Miskien efkes in kaartsje lizze of oare spultsjes, mar gewoan oan de bar kin ek. (we kin it in krystborrel neame).
Wij mochten it berjocht wotseppe, SMSse, meele, twitterje en/of feesboeke en gewoan op de side sette.

Serious Request
De heiten fan de jeugdleden fan SDSers Robin, Luka, Benthe, Nykele Pieter en Jorrit spylje yn Voskovs Grodzemods. Dat klinkt as in fuotbalklup út in Russyske steat, mar dat is in muzykband. Sij wolle in bijdrage leverje oan Serious Request. Sjoch
hjir

LC-Coach
Johan Delfsma makket ús der op attint dat der dizze wike in SDS’er is dy ’t yn de LC-coach goeie saken docht. Soe it Sybren Wesselius wêze? Wa soe oars VandenBussche op de goal sette? Sjoch
hjir.

Harsens derby(914)
Dizze Grykse fuotballer moat mei de feestdagen, mar net tefolle ite. Of gewoan in nije brankar keapje….

Τρýπησε το φορεßο στο ΑΕΛ ΑστÝρας Τρßπολης door kokoretsi