Ferslach A.HAK-sealtoernoai D-pupillen

Weppers snein 16-12
16 december 2012
Weppers tiisdei 18-12
17 december 2012

A. Hak sealtoernooi foar D-pupillen,



Sneontemoarn is it sealtoernoai foar de D’s yn Easterein yn ‘e sporthal spile. Trochdat de D1 nog in kompetysjewedstryd spylje moast wiene dizze mannen der jammer genôch net by.

Yn totaal wiene der 19 spilers út de D3 mar foaral de D2 oanwêzig, om it getal moai rûn te krijen die Stan út de E1 mei.

Oan frijwilligers wie fan e moarn gjin gebrek, in oantal heiten hiene de goals alfêst klearsetten en Wiebe Heeres, Pieter Sijtsma en Wytze Lanting wien der om te fluitsjen.

Om 09:00 oere waard mei it toernoai útein setten en de ynset fan de spilers wie fuort en dalyks goed en waard  fierder yn it toernoai better en better.

Sa wiene der prachtige aksjes to sjen fan ik nim mar in Steven Vellinga dy’t snoeihurd fanof rjochts op grutte ofstân krekt net skoorde, Sytse Stoffelsma en Steven P dy’t mekoar kear op kear wisten te fynen yn it fjild, keeper Bote Altenburg liet sjen da’t der neist keep ek in flink potsje balje kin. De mannen fan D3 dienen it net ûnder foar de spilers út de D2 en Stan út de E1 stie mear as syn mantsje.

Yn de ien nei lêste wedstryd soarge it team ûnder lieding fan Hendrik v/d Eems der foar dat de lêste wedstryd extra spannend wurde soe, dêr moast in winnaar út komme oars soe Hindrik syn team kampioen wurde. De lêste wedstryd wie tusken Koopalmondial tsjin Schaarke ’04, beide 4 punten. VanderEems Utd. hie op dat stuit ek 4 punten, mei in heeg doelsaldo.

De spanning wie om te snijen tydens dizze hast finale en dat wie oan it spel te merken. It tempo lei heeg en nei sa’n 5 minuten skoarde Steven P út in frije trap. It spul gie hinne en wêr en nei 12 minuten skoarde Christiaan Smink de tsjin goal. Der nei wie it foaral Schaarke ’04 dy’t druk op e goal fan Koopalmondial hâld. Keeper Groetzen Gaastra kearde bal op bal en wist faaks troch snel om te skeakeljen foar de counter te soarchjen. It gie neet!!!  Lêste 2 minuten besliste Stan Korbach de wedstryd troch der 1-2 fan te meitsjen en dermei waard Schaarke ’04 nog krekt kampioen fan dit o sa spannende  toernoai.

1e plak Schaarke ’04          
(Luuk v/d Schaar, Stan Korbach, Wessel Schraa, Christiaan Smink, Aiso Agricola) 
     

2e plak VanderEems Utd.    (Hendrik van der Eems, Johannes Sybesma, Mark Klijnsma, Rutger Wiersma, Tjerk Kingma) 

3e plak Koopalmondial        (Jerryt Koopal, Steven v/d Pol, Sietze Stoffelsma, Jelle van der Hoek, Grietzen Gaastra)

4e plak KV Kent                 (Kent v/d Schaar, Steven Vellinga, Bote Altenburg, Jasper Bergmans, Falco Jellema).

 

Alle frijwilligers bedankt foar de hulp en alle spilers bedankt foar wêr in spannend toernoai.

 

Namens de jongerein kommisje:

Bote Strikwerde en Hans van der Schaar