Koppie…koppie 1

Weppers tiisdei 18-12
17 december 2012
Weppers woansdei 19-12
19 december 2012

 

Koppie …koppie sa neame wij ús winterkwis foar de jeugd.
In wike as 8 lang sille wij hjir wat del sette: dat kin foto’s, in filmke of oars wat wêze.
Dan stelle wij in fraach oer dat filmke of dy foto’s.
De antwurden fan al dy fragen moatte jim bewarje oant de 8 wiken foarbij binne. Dan kinne jim alle antwurden yn ien kear ynfolle op in formulier wat op de side komt te stean.

Fraach 1
Sa’t jim witte hat Messi fan Barcelona in nije rekord festige mei it oantal doelpunten yn ien jier. Hij stiet op al op al 90 doelpunten.

Yn dit filmke steane 86 doelpunten (soms mei herhalingen) fan Messi fan dit jier, dy’t jim allegear goed besjen moatte want wij wolle witte hoefolle doelpunten Messi tsjin Malaga makke hat.

It soe moai wêze at degene dy’t meidogge de antwurden foar harren sels hâlde en dit net dielen gean fia de sosjale media. Want dan is de aardichheid der gau ôf.