Traine?
Der kin jûn net foar de boksen traind wurde. Traine op it MFT is in opsje.
SDS 2 traint jûn net en SDS 1 sil te oefenjen tsjin Dronryp.
SDS C1 op Skylge
SDS C1 hat sneon te fuotbaljen west op Skylge. Jûn in útwreidich ferslach en foto’s hjir op de webside.
Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 spilet woansdeitejûn om 20.30 oere thús tsjin Blauw-Wit ’34 16. Geert Dijkstra sit efter de knoppen. Wy sykje noch wol in skiedsrjochter, want net ien fan de KNVB hat tiid…….
KNVB-Krysttoernoaien jeugd
Ferskeidene jeugdteams fan SDS dogge dit jier ek wer mei oan it Krystsealtoernoai fan de KNVB. Jim kinne hjir de programma’s fine. De finales binne op sneon 2 jannewaris yn De Trije yn Frjentsjer.
Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
Guon SDS’ers sille ek wer meidwaan oan it jierlijkse Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Sy sitte yn de folgende poule:
poule D |
Fysio Rozengracht |
de Lange Plastics |
Keizer Autoschade |
Schapie Multiservice |
Freedom Energy |
SDS |
Rintec |
Preton Nederland |
Foarut |
Coop Tolsma |