SDS C1 op reis!

Weppers tiisdei 17-11
17 november 2015
Doch dyn dream!
18 november 2015

SC Terschelling C1 – SDS C1 2 – 2
Fuotbalje op Skylge !!!! It begong foar my al op freedtemidje. Om 15.00 oere Trudy en Minke efkes utswaaie yn Harns. Sy giene tegeare mei Paula en Lyan al rjochting Skylge om sneon de jongens der oan te moedigjen. Mar wat wie it skrikken !!!! De boat sil de haven utfare, mar troch in dikke wynpoester wurde de grutte boat as in lyts boartersguodboatsje tsjin de kade oansmiten.


Mar blikbaar koe hy trochfare, want de boat ferdwiende op de woeste see. Ik wie wol bliid dat ik om healwei seissen in tillefoantsje kriig dat se feilig oankommen wiene. Wunder boppe wunder gjin slimme persoanlike ungemakken, allinich wol in soad materiële skea, mar dit hie ek wol oars ofrinne kinnen.

Sneontemoarn noch hieltiid in stoarmiche wyn. Mei deselfde boat setten wy mei de jongens fan C1 ek of nei Skylge. Sunder ungemakken kamen we hjir om ungefear 12.00 oere oan. We hiene fietsen huurt, dus giene we op e fiets flak foar de wyn rjochting kampeerboerderij Heit yn Landerum. Fan derut rjochting Midslan wer we us wedstriid spylje moasten. We wiene moai op tiid en koene in lekkere lange warming-up dwaan op it moaie gersfjild fan vv Skylge. De B1 fan us tsjinstander wie oflast, dus koene sy, neffens hun lieder, it beste team opstelle; of in elts gefal hun fysiek sterkste team. Dochs fuotbalden wy best goed en der wurde hiel goed striid levere. Kansen foar us, mar ek foar de grutte, snelle en sterkte rjochtsbuten fan Skylge (mei snor). Efterien stie Jopie syn mantjse en der waarden prachtige duels utfochten. It bliuwde lang 0 – 0, mar krekt foar rest wurd in prachtig opsetten oanfal geweldich ynsjitten troch Kent. Yn it begjin fan de twadde helte binne we efkes net skerp en sa stiet it nei 3 minuten yn e twadde helte samar wer 1 – 1. Der untstiet in wedstriid die alle kanten op kin. Wy fuotbalje goed, mar Skylge bliuwt gefaarlik, mei nammen troch de 3 B junioren die it ferskil yn dit team meitsje. Uteinlik komme we yn e 53e minut mei 2- 1 efter en liket it dien. Foaral at de spits fan Skylge foar lege goal de 3 – 1 ynsjitte kin. Mar hy mist en sa komt der wer nye energie fry by de jongens fan SDS. De mouwen wurde nochris heger opstrupt en we geane noch ien kear fol op ‘e oanfal. Alles nei foaren om te probearen noch in puntsje te pakken. En dan krye we yn de allerleste sekonde in frije trap op een meter of tweintig fan de goal. Kent pakt de bal en sjit mei syn geweldiche traptechniek de bal tsjin de touwen. Grutte bliidskip want dit puntsje fielt fansels as in oerwinning. Foaral ek omdat us konkurrint Leovardia ferlear fan Frentsjer. Gau under de brus en op t fietske wer nei us kampeerboerderij.


Hjir mei syn allen lekker ite en de juns soene we noch efkes fuort te bowlen. We moasten wol 7 km troch waar en wyn, mar de jongens woene allegeare beslist fuort. Gau de fytsen opsykje, mar dan blykt dat Wiltsje syn fietssleutel kwyt is. Oeral sykje, sels yn it donker op it fjildtsje efter de kampeerboerderij. Mar de sleutel wurde net fun.


Dus Wiltsje om en om by ien efter op e fiets, mar om goed acht oere komme we dan dochs oan yn Hotel Skylge, wer we de bowlingbanen huurt hiene.


Mei bowlingskuon sa grut as sylboaten giene de jongens ek no wer fanatiek de striid oan. Utsein Sjoerd, earst bowlde hy achterstefoaren en letter tocht hy dat hy dizze ballen skoppe of ingoaie moast.

Om 10.00 oere juns wer op de fiets troch it strieminne waar rjochting us kampeerboerderij. Hjir joechen de mannen hun of en koene wy as leiding de dei efkes beprate. We kamen alle trije tot de konkluusje dat de jongens fan C1 in hiele goeie teamprestaasje delsetten ha. Ynset geweldich en dat meie wy graach sjen. Mar betiiden ek hiel goed fuotbal tsjin in goeie tsjinstander. Nea de kop hingje litte en trochgean tot it leste fluitsje. Dan meie je fan us achterfoaren bowle (Sjoerd).

Koartom : In tige slagge utstapke dus mei in hiele leuke groep jongens. Sneintemoarn wie it alwer betiid fan it bed of. Moarns 7 oere broadjes smarre en 7.30 oere op e fyts rjochting de boat. Om 8.40 oere stapten we op de snelle boat en wiene om 9.30 oere wer in Harns. Speciale dank noch oan Harry Kooistra, hy wie mei as grinsrjochter en begelieder.

Mar Harry kin ek, wylst hy oan it flagjen is, de jongens goed delsette en oanfjurje. Ik woe him hast mar tafoegje oan de technische staf. Nije wike frij en de wike derop spylje we tsjin Zeerobben.
Theo.