Weppers moandei 16-11

Weppers snein 15-11
14 november 2015
Weppers tiisdei 17-11
17 november 2015

Te wiet
Der kin net traind wurde. De fjilden binne te wiet.
Oetze Pauw

SDS 4
SDS 4 skoarde sneon twa kear. De doelpunten wiene fan Broer Jacob en Arjan.

Kâld of waarm

Sneontemiddei wie it kâld. De wanten koene wol oan. Dat tocht ek Jacob Kooistra. Allinne hij hie in oare reden: de tsjettels mei tee wiene hyt…..

30 punten
Dit wykein wiene der 19 wedstriden fan SDS teams.
winst 9 kear
ferlies 7 kear
gelyk 3 kear
doelpunten foar 68
doelpunten tsjin 57
Heechste skoare: 12 doelpunten (fan SDS E3)

Standen
De standen nei dit wykein fan alle SDS teams kinne jim
hjir sjen.

Lift 2.0
Ek yn 2016 sil der wer in liftwedstriid holden wurde. It is mar goed at er dan gjin kompetysje is. Sa te sjen binne der tal fan dielnimmers fan SDS 4. Op harren
faceboekside is mear te lêzen en stelle de dielnimmers harren alderaardichst foar.

3J’s on tour
De 3 J’s sille ek te touren! Sy sille yn jannewaris nei Newcastle United – Manchester United. De 3 J’s binne yn dit gefal Jaap Toering, Jelle de Jong en Johannes Tichelman. De wepmaster sûnder bril sil harren begeliede.

Harsens derby (1627)
It is hûnewaar dizze dagen en dat kin best ris betsjutte dat der trainingen net trochgean. Dat is dan net om ’t der in hûn op it trainingsfjild omstapt………