Weppers tiisdei 16-3

Weppers moandei 15-3
14 maart 2010
Weppers woansdei 17-3
16 maart 2010

Oostenburg
Wij krije fan de famylje Hofstra út Reahûs in reaksje op de fraach wêr ’t JV Oostenburg weikomt.
JV Oostenburg is Oosterwolde….
Overigens is de wedstrijd van D1 tegen Oosterwolde (al weer !!) afgelast.
Kunnen ze niet gewoon in Easterein komen voetballen de 20e…. die wedstrijd moet  toch ook nog gespeeld worden…
Durk de Jong wit ús noch te melden dat JV Oostenburg in kombinaasje is fan De Griffioen en DIO Oosterwolde.

4-1
SDS 5 wûn sneon fan Wardy 3 mei 4-1. De rêststân wie 1-1. Yn Ferwert hawwe se de wedstryd ek analyseard en sij kamen ta in ferrassende konkluuzje:
Na de rust waren we helemaal van streek want SDS bracht hun Iman in het spel….

SDS F4
SDS F4 wûn ôfrûne sneon mei 5-1 út by Oudega/HJSC F3. De wepmaster fan VV Oudega, Frâns Veldmans, wiist ús derop dat sy noch in stik of wat foto’s fan dizze wedstryd op harren webside stean hawwe. Hjir kinne jim se fine.

Bertus Beckers ynstrueard syn mannen

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Moarntejûn wurdt der wer sealfuotballe yn de sporthal yn Easterein. SDS 1 spilet om 20.30 tsjin Urk. SDS 2 moat tongersdei om 21.30 út tsjin Blauw-Wit 7.

Foeilelijke sjurts (1)
Yn de Treffer dy ’t ein fan ‘e wike útkomt lit Hendrik de Jong witte wat hy it lelijkste fuotbalsjurt ea fynt. Ik haw him sjoen en wier it is net om oan te sjen. De kommende dagen kinne jim hjir sjurts besjen wêr ’t wy net sa wei fan binne. Hawwe jim ek in idee mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt (en no net allegear in PSV-sjurt maile….).
Om te begjinnen hawwe wy it sjurt fan Hull City út it seizoen ’93-’94. Hull City hat as bynamme The Tigers en de direksje tocht mei dit sjurt hiel wat út te stralen. Neffens ús net hielendal slagge:


Harsens derby (165)
Dit wykein wienen Wichard, Jappie en Remco nei Sunderland – Manchester City(1-1). Op ynternet hawwe wy efkes sjoen as wy harren ek sitten seagen. Dit slagge net, mar doe seagen wy plots in âld-SDS’er: Robbert Gorter: