Weppers moandei 15-3

Weppers snein 14-3
13 maart 2010
Weppers tiisdei 16-3
15 maart 2010

Klaverjasse
Kommende tongersdeitejûn om 19.30 oere is der klaverjassen yn de kantine. De aktiviteitenkommisje hoopt op 5 tafels om trije boomkes te lizzen.

Bal yn de feart

Bij SDS F5 tsjin Easterlittens F5 waard in bal neist sketten. Dy bal rolle bij de beamkes lâns en kaam ta stilstaan yn de feart. En binnen 10 sekonden wie it hiele fjild leech. Alle 14 jonges woenen wol efkes helpe om de bal der út te heljen.

Nijland 1 – SDS 1
Op de webside fan Nijlân kinne jim in wiidweidich ferslach lêze oer de wedstryd fan ôfrûne sneon (klik hjir). Ek kinne jim dêr in soad foto’s fine.
kopie van img_7454.jpg
Erik Haitsma wurdt troch de foarsitter fan Nijlân (en kollega fan Jacob-Klaas), Arjo van der Wal, polst om folgend seizoen by Nijlân te fuotbaljen.
(foto Lolke Woudstra)

JV wa?
Op it programma foar sneon stiet dat D1 út tsjin JV Oostenburg moat. Wy hawwe wier gjin idee wêr ’t dat wêze moat.

Ajax – PSV
Juster siet de Jimbar fol mei Ajax-supporters dy ’t troch it dolle hinne wienen nei de 4-1 winst op PSV. It wie in gekkenboel:
Werprollen

Kettinkje kwyt
Bekenden fan us hawwe in kettingkje yn de buurt fan Wommels ferlern. It betreft in silveren hanger. It is in licht gebogen buiske fan sa’n 4 a 5 cm. Oan beide einen sit in gouden each. Der tusken yn sit in fyn kettingkje om hinne wikkele. It kettinkje dat troch de beide eachen om de nekke droegen waard ha se noch wol. Dat siet noch yn de klean. It giet allinich om de hanger. Yn it buiske sit hier fan harren soan. Hy is op jonge leeftiid omkaem by in ungelok. It kettingkje is untwurpen troch harren dochter. Mocht ien it fun hawwe, kinne se skilje nei us.
Alfest bedankt!
Groetnis,
Jetze en Anja Wijnja
0515-332758

Harsens derby (164)
Fansels is goed iten ek foar fuotballers tige wichtich: