Weppers tiisdei 15-9

Weppers moandei 14-9
13 september 2009
Weppers woansdei 16-9
16 september 2009

SDS 1 wint yn Dokkum
SDS pakte in moaie oerwinning yn Dokkum.
Al nei 3 min kaam SDS foar nei in goeie paas fan Eric op Tsjalling. Die liet de keeper kansleas. Oan de ein fan de wedstriid kaam SDS ûnder druk te stean. Mar Jaap wie fantastysk. Mei in paer reddingen gongen de 3 punten nei Easterein e.o.
DDR

Seleksje SDS 1
De seleksje fan SDS fertrekt jûn om 17.30 út Easterein om om 19.30 te fuotbaljen yn Dokkum tsjin Be Quick Dokkum. De folgende spilers geane mei:
Jaap, Marten, Feite, Jacob Klaas, Anne, Feiko, Harm, Tsjalling, Skelte, Jacob, Erik, Dirk Yde, Redmer, Freek en Wytze.

Noch jong
Klaas Kamstra, de noch jeugdige doelman fan SDS 5 (46 jier)  hat noch in lange tiid foar him om it earste te heljen. Want bij Nicator hiene se wol in
hiele âlde man ûnder de latte stean bij it earste.

Bekerje
SDS 2 moat sneon 24 oktober ek wer bekerje. Sy meie dan út tsjin BCV 2.

SDS E3
Wy krigen fan Sietske van der Horst in prachtige foto fan SDS E3 binnen. Wy hoopje dat der ek kommende sneon wer in soad SDS-teams troch jim op de foto nommen wurde:


SDS League
By it ynfieren fan de teams fan de SDS League foel ús ien team op. Hendrik Eringa (OZZY) hat in team mei allinne mar bûtenlanders deryn. Der sit net ien mei in Spannumer namme by, mar ek net mei in Nederlânse. Wy binne benijd as dit ek noch wat punten oplevert.

Aardich
Abdoulaye Faye van Stoke City wie aardich wiis mei syn winnnende goal tsjin tsjin Chelsea: