Weppers moandei 14-9

Weppers snein 13-9
13 september 2009
Weppers tiisdei 15-9
14 september 2009

Bekerje
It bekerprogramma foar de standaardteams is ynmiddels bekend. SDS 1 mei op sneon 24 oktober út tsjin Marrum 1.

Útspylje
De wedstryd tusken SDS 1 en Minnertsga 1 wurdt tiisdei 22 septimber útspile. De wedstryd yn Easterein begjint om 18.45. Wy nimme oan mei in stân fan 2-1 yn it foardiel fan de Minnertsgeasters.

Pupil fan de wike

Bij de wedstryd SDS 1 – Minnertsgea 1 wie Tom de Rechter fan Itens (E1) ien fan de twa pupillen fan de wike. Tom mocht mei Skelte Anema op de foto, dy’t makke is troch Henk Bootsma.

De oare pupil fan de wike wie Idsert Wijnja. Hij mocht mei syn grutte held Dirk Yde Sjaarda op de foto.

Wedstrydferslach SDS 1 (1)
Siem Sikma koe sneon dan eindelijk in wedstrydferslach skriuwe al wie it noch net fan in wedstryd fan 90 minuten(klik hjir).

Wedstrydferslach SDS 1 (2)
Siem Sikma soe graach wolle dat der moarn in oar in ferslach makket fan de wedstryd tusken SDS 1 en Be Quick Dokkum. Siem sit namelijk mei de frou op Skylge.

Foto’s (1)
Henk Bootsma hat noch folle mear foto’s makke fan de wedstryd SDS 1 – Minnertsgea 1. Dy kinne jim
hjir sjen.

Foto’s (2)
De froulju fan DA1 komme woansdei om 19.30 oere op de foto! Dernei ha se trainen, dus der weze moatte se dochs!
Groetnis Tsjeard

Ien minder
SDS 5 hoecht dit jier twa wedstriden minder te fuotbaljen om kampioen te wurden. sc Franeker 7 stiet net mear yn de stân.

Doelpunten
Wij hawwe de doelpuntenmakkers fan de sneiorenalvetallen en de froulju no noch bijelkoar stean. At de froulju boppe de 15 doelpunten sitte helje wij de list wer útelkoar.

  SDS 1 SDS 2 SDS 3 SDS 5 SDS 6 SDS-Da2 totaal
Robert Sijbesma   1 4       5
Jappie Wijnia       5     5
Sieta Tessemaker           3 3
Ype Tiemersma       2     2
Henk Postma   2         2
Leandro Reitsma         2   2
Bram Strubbe         2   2
Thomas v.d.Meer         1   1
Skelte Anema 1           1
Jan Bouke Bouma         1   1
Myriam de Boer           1 1
Sytze Kooistra     1       1
Ralph Wariman     1       1
Jildert Hylkema   1         1
Jitske Plantinga           1 1
Mark Postma   1         1
totaal 1 5 6 7 6 5 30

Harsens derby (67)
Yn Dútslân hawwe se it dreech om de de twa Ronaldo’s (dy dikke en dy patser) útelkoar te hâlden: