Weppers woansdei 16-9

Weppers tiisdei 15-9
14 september 2009
Weppers tongersdei 17-9
16 september 2009

SDS 1 wint yn Dokkum
SDS pakte in moaie oerwinning yn Dokkum. Al nei 3 min kaam SDS foar nei in goeie paas fan Eric op Tsjalling. Die liet de keeper kansleas. Oan de ein fan de wedstriid kaam SDS ûnder druk te stean.
Mar Jaap wie fantastysk. Mei in paer reddingen gongen de 3 punten nei Easterein e.o.
DDR
Sjoch
hjir foar it útgebreide ferslach yn it Frysk Deiblêd.

SDS 2 (seal) ûnderút yn Boalsert
SDS 2 moast justerjûn foar in bekerwedstryd nei Boalsert.
Ûndanks doelpunten fan de 3 J’s (Johan Heerma, Johan Dotinga en Jacob Oostra) gien SDS 2 mei 4-3 ûnderút by Bolswardia 2. By in 2-1 foarsprong foar SDS miste Johan Dotinga noch in pingel.

SDS 1 traint earder
SDS 1 traint tongersdei om 19.30(ynstee fan 20.00). Sy begjinne dan fansels mei “Dooitze’s Happy Half Hour”. Nei de training is der in besprekking yn de bestjoerskeamer. Feite en Anne hawwe korvee. Sy meie de spits ôfbite(lykas sneons…..) troch as earsten fan it seizoen korvee te hawwen.

“Dooitze’s Happy Half Hour”
Dooitze’s rintraining bestiet tongersdei(19.30!) út in hersteltraining en stiet yn it teken fan de VIAD test. De hertslachmjitters moatte dus om.
Dooitze Nauta

Oerlap (1)
Net allinnich yn de fuotbalkantines is der diskusje oer de oerlap fan it keatsen mei it fuotbaljen. Ek by it keatsen wurdt der oer praten. Op de webside fan de KNKB skriuwt Sybe Joostema der in treffende kollumn oer(klik
hjir).

Oerlap(2)
Fysiotherapeut Jelle Eijzinga hat ek alris wat skreaun oer de keatsende fuotballers. Hy is der net altiten like wiis mei(klik
hjir).

Kompetysjesaken
André Vink wol de SDS’ers efkes wize op de folgende saken:
1.1 Niet roken in dug-out
Met ingang van dit seizoen is in de Ordemaatregelen opgenomen dat het voor personen die zich in de dug-out mogen begeven (of in de directe omgeving daarvan) niet meer is toegestaan te roken. De gedachte hierachter is dat de KNVB van mening is dat ook op het veld sport en roken niet samengaan.
1.2 Naam trainer-coach op wedstrijdformulier
Met ingang van dit seizoen is op de nieuwe wedstrijdformulieren voor het veldvoetbal een vakje opgenomen waar de naam en het relatienummer van de trainer-coach kan worden ingevuld. Volgens artikel 26 van het Reglement Wedstrijden Amateur Veldvoetbal is dit geen verplichting. Toch verzoeken we de verenigingen om de naam en het relatienummer van de trainer-coach in te vullen indien deze in functie is tijdens de wedstrijd. Bij eventuele incidenten zijn deze gegevens dan direct beschikbaar. Als nog wedstrijdformulieren worden gebruikt van vorig jaar, hoeft geen vermelding van deze gegevens plaats te vinden.

Gjin wurden foar
Wy binne wyld fan fuotbaljen, mar dat wol net sizze dat wy neat mei oare sporten hawwe(lykas keatsen). Soks as dit fine wy ek machtich: