Weppers tiisdei 14-9

Weppers snein 12-9
11 september 2010
Weppers woansdei 15-9
14 september 2010

Oefenwedstryd ôflast
SDS 2 soe jûn oefenje tsjin Oudega 1. Opmerklik, want SDS 1 hat lêsten bekere tsjin dizze tsjinstanner. Troch it minne waar is de wedstryd ôflast. Der wurdt no gewoan traind om 19.00.

Trainen C2 ôflast
C2 heeft geen training om 6 uur i.v.m  trainingsveld te nat,er ligt veel water bovenop,helaas! 
groeten janbouke

Trainen C1 ôflast

Het trainen van de C1 voor vanavond gaat niet door i.v.m. de grote hoeveelheid regen die er vandaag is gevallen!! 
Met vriendelijke groet,
Bouwgroep Dijkstra Draisma
B. Strikwerda

Nijs fan de aktiviteitenkommisje!
As kommisje binne wy alwer drok dwaande om it klaverjassen op poaten te setten foar dit seizoen.
De earste kear sil dat wêze op tongersdei  23 septimber.
We gean dan los om 20.00 oere.
Mochten jimme no noch oare ideeën ha foar aktiviteiten, jou dit dan troch.
Wa wit sette we dat dan op’e aginda!
Mail jimme ideeën dan nei: asjaarda@hotmail.com.
Yn elts gefal oant tongersdei de 23ste! 
Út namme fan’e aktiviteitenkommisje,
Anny Sjaarda

Opfallende saken Ouwe Syl 3 – SDS 6 (3-3)
Wij krigen in opmerklik aardich ferslach binnen fan Sytse Hibma fan SDS 6. En noch opmerkliker binne de foto’s.
At wy sneons by de olde biltdyk delrolje om te baljen tsjin Ouwe Syl falle der in oantal saken op. Wy melde us by de klup en krije in klaaikeamer tawezen. By binnekomst fan’e klaaikeamer wurd dudelyk dat de sinne noch net hiel lang op is, want wat wy oantroffen wie: in nussie pokemon tassen, donald duck jassen, fel roze magic mindy gadgets en een hoeke heal ofmakke kleurplaten mei untdoppe stiften die her en der troch de klaaibox lisse. Ta ein beslut foel de penetrante geur fan ranja en switzal aardich op. It wie us dudelyk dat de jeugd moarn noch yn folle gong wie en dat der binnen net al te lange tiid in keppel mei stoarm en unwaar binnen komme koe. Dit waard befestiche troch lûd geraas oane oare kant fan’e moarre “Wy wolle mear ranja, wy wolle mear ranja” wat betsjutte op in leeche ranja taap oan’e ein fan’e tredde helte.
Foardat de measten oan de twadde sok ta wiene waard der dan ek iepen dien en in oantal wurche kraaleachjes kaam de hoeke om. Der waar al snel achterut deinst, want der sieten no wol hiele grutte F’kes yn it klaaihok. It waard hielendal stil foar de doar doe ien fan’e (unfolwuksen!) olders sei dat sinteklaas yn hun klaaikeamer stûn om te klaaien. Dat wy snel us skuon underbine en rjochting it spulfjild stowe. Oankommen op it traapfjild falle der wer in oantal saken op. Ouwe Syl hat spûnserbuorden fan sawat de helte fan’e Eredivisie klups, de wynmûne stie sa ticht op it fjild dast disse ek útspielje moastest foardast op doel sjitte woedest en wat it opfallenste wie…. Inkele minuten foar de wedstried kaam der noch ien mei in boskmearner it fjild op om it gers yn’e goal efkes te mearnen. Wie dit net bard, dan hie Harm-Jan trije kear mei in hakbiele op’t skouder en bûsdoek om’e hasses it oerwoud yn kennen op syk nei in bal.
Fjirder foel it op dat Johan in skofke by in houtbedrieuw yn Bolsert wurke hat, dat Bram v B froeger altyd foarbereide op skoalreis gong, dat Martijn aardich oan syn motorriid-skills wurke hat en dat Bram S. in aardich eachje foar de bal hat.
Sjoch dizze bijlage foar in foto-impresje fan dizze moarn.

Da2 yn Tsjom
Hotske Rispens mailde ús noch wat foto’s fan de wedstriid Da2 tsjin Tsjom Da1.





SDS E1 – Mulier E1   6 –1
 

Na drie bekerwedstrijden waarvan twee keer verlies en één keer winst was afgelopen zaterdag Mulier E1 de eerste tegenstander in de nieuwe competitie 2010-2011.  

Het team bestaat dit seizoen uit de volgende spelers: Hendrik, Jan, Jelmer, Kees, Arnout, Peter, Wesley, Wierd en Wytse, met leiders Sietske en Lieuwe. 

De mannen van SDS E1 deden waar SDS voor staat: Sterk Door Samenspel. Door goed spel en gesteund door het talrijke publiek gingen wij de rust in met een 4-1 voorsprong. Dit deden zij met speels gemak. Na de rust ging het iets moeizamer, maar door een goede instelling en de juiste teamspirit en super positiespel ging de winst naar SDS en werd het uiteindelijk 6-1. Door afwezigheid van Peter en Wytse heeft Steven van der Pol na een wedstrijd gekeept te hebben in de E3 het shirt van E1 aangetrokken en zich moeiteloos aangepast aan het spelniveau van E1. Namens de jongens van de E1 en de leiders hierbij nogmaals bedankt Steven voor je geweldige inzet. 

De volgende wedstrijd is zaterdag 18 september om 10.10 uur CVVO E3- SDS E1 in Lemmer. De eerstvolgende thuiswedstrijd is op zaterdag 25 september om 9.00 uur tegen Nieuwe Schoot E1. 

De leiders van E1

SDS League
Wy binne drok dwaande om alle teams yn te fieren en hoopje tongersdei mei de earste stân fan de SDS League te kommen.

Harsens derby(291)
De Iislandse fuotbalklup Stjarnan is no oeral bekend om syn “fisk“. Ek by de tsjinstanners fansels. Dit wykein kaam Stjarnan mei 5-1 efter en fielde him as in fisk op it drûge: