Weppers snein 12-9

Ut- en ferslaggen 11-9
9 september 2010
Weppers tiisdei 14-9
13 september 2010

Bale
Der is wat ôfbelle troch de lieders fan SDS 4 om 11 man op tiid yn Easterein yn it fjild te krijen.It slagge úteinlik. Dan is it wol flink bale dat de tsjinstanner net komt. Om kertier oer ienen bellen se ôf: Olde Veste 6. Dy hawwe  se harren net populair mei makke bij SDS. Miskien dat de bûn wat dwaan kin oan soks ûnsportyf gedrach hearden wij meardere spilers sizzen.

Spikerbroek fuort
Ôfrûne tongersdei kaam Ralph der nei it dûsen efter dat syn spikerbroek fuort wie. Ien hat de ferkearde broek meinaam, want der bleaun úteinlik al in spikerbroek oer. Wa hat Ralph syn spikerbroek?


Juiche
SDS D1 wûn juster mei 8-2 fan Workum. It 7e doelpunt fierden sy sa:


Knappe wissel?
Hendrik de Jong kaam der efter dat hy net in PSV’er opsteld hie yn syn team foar de SDS League. Op himsels hiel begryplik, mar Hendrik betocht him dochs noch. Robert Schilder(2x skoord en de nul) fan NAC derút en Affelay(1x skoord) deryn…….

Pupillen fan de wike

Wesley van der Wint en Tsjipke Klaas Okkema (foto Henk Bootsma)

Jan Sytsma en Mark Postma (foto Henk Bootsma)

Stoppe
Dit seizoen hawwe wij noch net folle sjoen fan Johnny Leistra fan Hartwert. Wij hawwe no begrepen dat hij mei it fuotbaljen stoppe is.

Klaas
Ien fan de taskôgers fan SDS 1- Broekster Boys 1 wie de âld trainer fan beide ploegen: Klaas Dijkstra. Ek hij sil it as matich betitele hawwe.

Doelpuntenmakkers

Jitske Plantinga 7
Sieta Tessemaker 4
Bram Strubbe 3
Harm Auke Dijkstra 3
Tessa Booms 2
Pieter Kamstra 2
Ronny Wagenaar 2
Robert Sijbesma 1
Hendrik Engbrenghof 1
Myriam de Boer 1
Geeske Yntema 1
Rianne Reijenga 1
Christiaan Hoekstra 1
Bouke Jan Plantinga 1
Jappie Wijnia 1
Sytse Hibma 1
Jildou Jorritsma 1
Wytze Lanting 1
Amarins Tjalsma 1
Johan Delfsma 3

Seleksje SDS 2
Hier de selektie van dinsdag voor het tweede
Oefenen tegen Oudega 1 om 20.00  vertrek  18.45
Autos meenemen
Marten, Geert, Jort, Jan Simon, Dennis, Grietzen, Anne, Arjen los, Wytze, Willem, Elger, JelteP, Gerrit, ArjanP, Feiko, Robert. 
Afwezig: Syb en Sytse 
De rest van de b- selektie kan trainen om 19.00 olv  jan stenekes en sjoerd van beem
Selektie training donderdag wordt nog bekend gemaakt zsm na oefenwedstrijd.
Mvg
Johan Faber

Yn Barcelona
Robert en Wiepkje sitte dit wykein yn Barcelona. Sy soenen besykje om nei Barcelona-Hercules Alicante(mei Royston Drenthe) yn Nou Camp te gean. Wy binne benijd as it slagge is. As sy der west binne dan seagen sy Barcelona al ferrassend ferliezen(fan de Daltons?) mei 0-2 (sjoch hjir).

Harsens derby(290)
Dizze keeper moat himsels mar goed foel op de boarst slaan………