Weppers tiisdei 13-4

7×7=45+ toernoai
12 april 2010
Weppers woansdei 14-4
13 april 2010

Traine SDS DA2?
Voetballiefhebbers, 
Wie-o-wie wil er vanavond om 19:00 de DA2 trainen? 
Graag effe een reactie per mail famvink@ziggo.nl  of bel:333134 
groetjes, Andre Vink

Traine SDS 2
Mannen, wij traine jûn om 19.00 ynstee fan 20.00 oere.
Klaas


Nijland 1 – BCV 1
SDS 1 traint jûn net en in grut part fan de A-seleksje sil nei Nijland 1 – BCV 1. Der sille fêst wol mear SDS’ers by wêze. De wedstryd begjint om 19.00 (klik hjir).

Alwer in priis
Sieta Tessemaker wûn lykas Feiko Broersma, Tsjerk van de Pol en Habtamu de Hoop mei de goeie oplossing fan de Krystpuzzel in leuk fuotbalblêd. Ek hjiryn siet wer in leuk puzzeltsje en hjirmei wûn sy in DVD fan Sven Kramer. Wy binne benijd as der no ek noch in puzzel op de DVD stiet.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Moarntejûn wurdt der wer sealfuotbald yn Easterein. SDS 1 sil it dan om 20.30 opnimme tsjin ZVVS 1. SDS 2 spilet om 21.30 tsjin Cambuur ’69 3. 

Hollebatse
Foarige wike op Aaipop stie der noch in SDS’er te hollebatsen by Frysellica. 7 wiken lyn yn Kanada wie der ek i
n (âld-) SDS’er dy dit die. Sjoch dit filmke mar ris (nei sa ’n 2 minuten).

Foeilelijke sjurts (23)
Mei dit sjurt is op himsels net folle mis, mar je wolle dochs net mei sa ’n sponser op de boarst(en) rinne? De “spilers” fan FC Nürnberg rûnen(wygden….) foarich seizoen yn dit sjurt.

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (191)
Ôfrûne sneontejûn hawwe wy genoten fan Real Madrid-Barcelona. It tempo lei sa heech en wa ’t de bal mear as ien kear rekke wa ’t wissele. Messi wie fansels super, mar Tsjalling Sikma tipte ús noch efkes oer Xavi en hy hat gelyk; Xavi wie de beste: