Weppers woansdei 14-4

Weppers tiisdei 13-4
12 april 2010
SDS League: Team Pussy pakt wykpriis!
13 april 2010

Klaverjasse

Tongersdeitejûn: Kaarten yn de kantine om 19.30 oere. Kom allegearre dizze lêste kear.

 

SDS oefent moarn tsjin Mulier

Moarn om 17.45 oanwêzich.
Oanwêzich yn Wytmarsum foar de rjochtstreekselingen 18.10 oere. 
Feite kriget fry.
Rest giet mei! 
groetnis
Dick

Programma SDS
Foar wa ’t it der ynteresse yn hat binne no op Voetbal.nl de programma’s te finen oan ’t 8 maaie. Sa ’t it no stiet spylje SDS 1 en 2 beide op 8 maaie harren lêste wedstryd fan it seizoen. Beide moatte thús fuotbalje. SDS 1 tsjin Bant 1 en SDS 2 tsjin Hardegarijp 2. Ek SDS 4, 5 en A1 spylje dan thús. SDS 3 en DA 1 binne frij. Dat wurdt fêst in noflike middei mei miskien wol in alderaardichst stikje musyk?

Útslagen 2e Klasse I
Juster wienen der twa ynhelwedstriden yn de 2e-Klasse I. Nijland 1 ferlear thús mei 1-0 fan BCV 1(sjoch foar ferslach
hjir). Bant 1 wûn thús yn de jirpeltún mei 2-0 fan Heerenveense Boys 1. Op Voetbalnoord kinne jim de nije stân besjen en dan meie jim sels konklúdere as dizze útslagen no wol of net geunstich binne foar SDS 1(klik hjir).

Drok wykein
 

It wurd in drok wykein foar âld SDS lid Freddie Scheltema. Hij fljocht sneon to moarn wer nei Liverpool en sjocht der 3 wedstriden. Sneon sit hij op de tribune bij it degradaasje duel Tranmere Rovers – Exeter. Dit spilet sich ôf yn de kelder fan de CocaCola Division One. Dat is Ingels fuotbal op har best: Kick and Rush.

Snein sit hij mei syn maat Peter van Beelen op de haadtribune bij Wigan Athletic – Arsenal en hij hopet dat Van Persie der syn rentree makket.

Moandeitejûn wurd it wykein ôfmakke mei de jierlikse bedevaart nei Anfield Road. Der sjogge se de wedstriid Liverpool – West Ham United.

Trije wedstriden yn trije dagen: in dreech wykein mar mei de kalory-earme en fetfrije Inglish Breakfast en de nedige pints moat dat slagje.

SDS League
De nije stân fan de SDS League kinne jim hjir moarn ferwachtsje.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Jûn wurdt der wer sealfuotbald yn Easterein. SDS 1 sil it dan om 20.30 opnimme tsjin ZVVS 1. Jaap, Tsjipke, Freek, Tseard, Peter en Jan-Simon sille probearje om foar de 5e kear efterelkoar te winnen. Feite(knibbel net 100%), Ruurd(faam net 100%), Anne(100% mei de nije knipsalon oan de gong), Jildert(100% oan de study) en Willem(sawiesa net hielendal 100%….) binne der net.
SDS 2 spilet om 21.30 tsjin Cambuur ’69 3.

Skiedsrjochters en sa socht
Woensdag  28 april a.s  word weer het jaarlijkse schoolvoetbal gehouden,begint om 14:00 en eindigd om 18:00 .we zijn nog op zoek naar scheidsrechters die willen fluiten. Ook zijn vrijwilligers nodig om hand en spant diensten te doen.
Neem contact op met Janbouke Bouma.
bouke.bouma@home.nl  
groeten Jan Bouke


Foeilelijke sjurts (24)
Hjir it sjurt fan US Boulogne út Frankryk. Jim kinne dizze klup net? Mar gau wer ferjitte……….


Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (192)
Dizze reporter hat seker
efkes lein te tukken?