Weppers tiisdei 12-7

Weppers moandei 11-7
11 juli 2011
Weppers woansdei 13-7
12 juli 2011

South-Park SDS’ers(10)
Wy hawwe no al sa ’n 35 South-Park SDS-popkes binnenkrigen, dus dat giet sa moai as wat. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Johan Delfsma makke foar ús in prachtige Ivo Donath:


Greidhoeke-kompetysje
Woansdeitejûn is op it keatsfjild yn Wommels de finale fan it Greidhoeke-toernoai. De keatsers fan Easterein sille it opnimme tsjin dy fan Wommels. Sawiesa SDS’ers yn de prizen dus.

Spulrigelwizigingen
De KNVB hat wer wat spulrigelwizigingen trochfierd. Net folle bysûnders, al foel ien ding ús op. It is tastien om op kuenstgers oare linen stean te hawwen nêst de brûklike fuotballinen. Der mei dus(mits yn in oare kleur) in kuorkebalfjild op tekene wêze of oars wat. Binne wy bliid dat wy net mear by VC Trynwâlden yn de kompetysje sitte(klik hjir). 

Te let
Ek Van Nistelrooy mei net te let op trainen komme fansels (klik hjir). 

Harsens derby (517)
Dat krije je der fan. Beide fuotten yn de knoop: