Weppers tiisdei 12-7

Wurd ek lid fan GEKE!
12 juli 2016
Seleksjes senioren 2016-2017
13 juli 2016

Tegelje
Hjoed hawwe Jan de Jong, Roel Sybesma, Geert Hiemstra, Tamme de Boer en Jehannes Nauta mei Klaas wer in hiele haal makke mei it tegelpaad rûn it keunstgersfjild.
Fannejûn om 19.00 wie der in hiele ploech te tegeljen.Wiebe Vellenga, Pieter Sytsma, Piter van de Pol, Douwe-Dirk, Pieter Groenveld, Yward, Bas, Jan-Jetze, Inne, Robert en Stijn Schildkamp, Harm-Auke, Willem, Anne Hallema en Klaas klapten yn oardel oere efkes 60 meter tegels der yn.
Woansdeitejûn binne om 19.00 oere sawiesa Syb, Jacob-Klaas, Pieter de Jong, Klaas en Jan-Simon fan de partij. Hjir kinne noch in pear by. Tongersdei en freed hoeft der dan net mear tegele te wurden. Freed wurdt besjoen wannear ’t der dan wer tegele wurde moat.
Wy dogge it mei syn allen!
En it giet as in speer!

Planning keunstgers
It doel is om dizze wike alle tegels rûn it fjild der yn te lizzen. It fjild sels sil dizze wike in soartefan lavalaach krije dy ’t hurdsje moat. Op moandei 25 july sil dan de keunstgersmatte dellein wurde. Wannear ’t der dan op fuotballe wurde kin is ús noch net bekend, mar dat sil dan gjin wiken mear duorje. De earste bekerwedstriden binne op 20 augustus, dus dat moat te rêden wêze.
It hiele kompleks wurdt op woandei 5 oktober offisjeel iepene mei û.o. in wedstryd tusken sc Heerenveen ûnder de 19 jier. Dit is pas yn oktober û.o. om ’t der yn augustus noch in soad lju mei fakansje binne, lykas de boargemaster ;).

Bekerprogramma SDS 1
Sneon 20 augustus: vv Oosterlittens 1 – SDS 1 om 17.00 oere
Tiisdei 23 augustus: sc Franeker 1 – SDS 1 om 18.45 oere
Sneon 27 augustus: SDS 1 – Foarut 1 om 14.30 oere

Bekerprogramma SDS 2:
Sneon 20 augustus: SDS 2 – Leeuwarder Zwaluwen 2 om 15.00 oere
Woansdei 24 augustus: SDS 2 – sc Berlikum 2 om 18.45 oere
Sneon 27 augustus: Foarút 2 – SDS 2 om 14.30 oere

Bekerprogramma’s?
Ek wy binne benijd nei de rest fan de bekerprogramma’s, mar dy hawwe wy noch net efterhelje kinnen by de KNVB.

Nije webside
Wy binne efter de skermen drok dwaande mei de nije SDS-side. Wy kinne wol fêst melde dat it der alderaardichst út komt te sjen, mar wy doare noch net te sizzen wannear ’t der eksakt de loft yn giet.

Harsens derby (1732)
Alderaardichste assist hjoed by Nederlân ûnder de 19. Je moatte allinnich al in pear kear sjen foar ’t je it goed sjogge.