Weppers tiisdei 12-2

Doelpuntenklassemint
11 februari 2008
Weppers woansdei 13-2
12 februari 2008

SDS League
Doch ek mei oan de SDS League!
Sjoch
hjir foar de nije list.
Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 16 febrewaris om 19.00! Dat is oer 4 dagen al.
Mail jim nije teams nei
SDSLeague@vv-sds.nl of lever je team yn by Roel Sybesma of Willem Wijnia.

Oar tillefoannûmer
It jout allegear neat, mar Dirk Yde hâldt ús goed op de hichte. Hij hat al wer in berjocht mei wat leuke foto’s op syn side stean. Neffens mij sjogge wij de
sânsurfkampioen fan Easterein yn aksje. En hij hat wer in oar tillefoannûmer.

Futsal
Futsal 3 moat woansdeitejûn thús oantrede tsjin Workum 4. It begjint om 20.30 oere.
Futsal 1 giet nei Sint Nyk(…) om de punten bij FFS wei te heljen.

Sneon
Wolle de fuotballers fan SDS 1, SDS 2, SDS 3 en SDS 4 der rekken mei hâlde dat sij sneon fuotbalje moatte. Ek de twa C’s moatte fuotbalje. Hjir
it programma.

Falt tsjin
It foel ús wat tsjin dat net mear minsken de goeie oplossing wisten fan de amateur plaatsjes sa’t wij dy ferline wike makke hiene. It betsjut gewoan dat Erik Haitsma en Oebele Anema de kenners binne fan it amateurfuotbal. Sij hiene
alles goed. Binnenkoart meitsje wij spesjaal foar dizze twa noch ien om der efter te kommen wa’t echt de beste is.

Strawelte
Ien fan de alderaardichste Fryske bandsjes ea,
Strawelte, is oan it oefenjen foar in reünytoer ein dit jier. Wy ferwachtsje dat dit Gerrit Terpstra sa goed docht dat hy him lyk 20 jier jonger fielt en ein dit jier de fuotbalskuon wer oanlûkt.

Filmke
Johan Delfsma hie it feanfan-
filmke  makke en fernuvere him deroer dat de SDS’ers net mear bekenden herkend hienen:
Dat ze Ate met de mooie Fryslan-muts over het hoofd zien en helemaal Wesley met zijn witte tanden!!
Groetjes Johan Delfsma.

Egypte
Wy krije in mailtsje fan Solomon en Habtamu de Hoop dat sy der efter binne wêrom Egypte sa maklik de Afrika Cup pakt hat. Sy lêsden dit yn it Agrarisch Dagblad fan harren heit: