SDS-League; ‘Hey Ho Let’s Go’ pakt de wykpriis!

Weppers moandei 11-11-2019
11 november 2019
Weppers tiisdei 12-11-2019
12 november 2019

13 jier nei syn winst yn de SDS WK-League fan 2006 en in wykpriiske yn 2011 pakt ‘Hey Ho Let’s Go’ fan ien fan de wepmasters eindelijk wer ris in pryske. Hy pakt dit kear de wykpriis mei 54 punten en dat is krekt ien mear as ‘Brouwerpower’ fan Jelmer Brouwer, ‘Man van fiets’ fan Kris Gaastra & Thor Ruiter en ‘FC Top 20’ fan Matthijs Postma.

‘FC Hallema’ fan Arjan Hallema komt ien puntsje tichterby de ûnbetwiste nûmer 1, ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd van Beem, mar stiet noch altiten 31 punten efter. ‘Kratje Bier’ fan Robert Hoekstra en ‘Man van fiets’ fan Kris Gaastra & Thor Ruiter steane hjir noch wer 4 punten efter.

‘Hakim Sijtsma’ fan Pieter Sijtsma rint as de reade lantearndrager 4 punten yn op ‘XXXDappere strijdersXXX’ fan Jelmer Posthumus en 22 punten op ‘Lekkah Sauze’ fan Erik Haitsma. Dochs bliuwt hy stiif lêst!

 

SDS League 2019-2020 earste helte wike 8