Sneon 8-12-2018

Weppers freed 7-12-2018
7 december 2018
Weppers tiisdei 11-12-2018
11 december 2018

Hawwe jim wat leuks te melden, doch dat dan op sds-nijs@home.nl en info@vv-sds.nl of whatsapp nei 06-55117582.

09:00 SDS JO17-1 LSC 1890 JO17-2 6-2
09:00 SDS JO12-2 Makkum JO12-1 1-8
09:00 SDS JO8-1 Beetgum JO8-1
10:00 SDS JO10-1 SJO DFC JO10-2
10:30 SDS MO15-1 Birdaard FC MO15-1 3-1
10:40 ST SDS/Nijland JO15-2 Minnertsga JO15-1 4-2
12:15 SDS VR1 Harlingen VR1 0-1
14:30 SDS 2 Zeerobben 2 1-2
14:30 SDS 4 ONS Sneek 4 g.n.t.
08:45 Workum JO11-2 SDS JO11-1 g.n.t.
09:45 MKV’29 MO17-1 SDS MO17-1 4-3
10:15 Balk JO11-3 SDS JO11-2 g.n.t.
10:30 Workum MO13-1 SDS MO13-1 g.n.t.
13:00 AVV JO13-1 SDS JO13-1 0-6
13:45 ST Terschelling/AVV JO15-1G ST SDS/Nijland JO15-1 3-0
14:30 NOK 1 SDS 1 3-3
15:00 Blauw Wit ’34 6 SDS 3 4-3
15:00 LSC 1890 JO19-1 ST SDS/Nijland JO19-1 11-1

SDS/Nijland JO15-2 kampioen

De lêste wedstriid fan disse kompetysje wie thús tsjin Minnertsgea Jo15-1. It wie in regelrjochte topper, want it wie de nûmer 1 tsjin de nûmer 2! It waar die yn disse wedstriid ek noch mei. De hurde wyn hie namelijk al ynfloed op de toss. Pieter wûn de toss dat wy starten folgens plan tsjin de wyn.
Dat wie dreech. Lennert wie noch blesseert, mar lokkich koe Steijn Groothof keepe. Achteryn starten we mei Pieter W, Rico, Gjelt en Jetse. It middenfjild wie Joop, Redmer, Jasper en Thomas Oane en yn de spits hiene we Pieter B en Jelmer.
En wat hie de wyn ynfloed op it spul. It wie fan achter út dreech de bal nei foaren te krijen. Mar it wie tactisch bedoeld, earst yn de wyn en dan twadde helte der yn barne. Minnerstgea stiet net foar neat twadde. Sij kamen hjir om te winnen en setten ek skerp útein. Dat waard beleane mei de 0-1 yn de 15e minuut. SDS/Nijland wurke hurd, mar krige net goed fet op de wyn. Twa kear kaam de bal foar, mar we koene der neat mei wurde. Minnertsgea krige foar de wyn de bal goed bij hun snelle spits. It middenfjild fan harren slúte goed oan en sa waard it yn de 25e minuut 0-2. Se moasten net fjirder útrinne, oars waard it dreech yn de twadde helte. We koene de stand sa hâlde oan de rust. Ynwilens wiene Niels en Olaf foar Thomas Oane en Joop wiksele en foel Jetse út mei in blessure en moast Olaf mei Gjelt de 16 leech hâlde.
De tactiek moast yn de twadde helte wol útkomme. De bal op de helte fan Minnertsgea hâlde. Dat pakten we goed op. Uiteraard mei help fan de wyn. Pieter koe steeds wer djip rinne. Ut duorre dochs noch 8 minuten, maar Jelmer koe toen in skot fan Pieter B prachtig heal omhelje 1-2! Wat in goal! En no troch. Dat diene de mannen goed. Yn de 15e minuut krige Jelmer de bal út de kluts wer goed 2-2.
No moast Minnertsgea wol komme. Dan diene se ek. Wol 3 kear kamen se mei meer minsken yn ús 16, mar troch goed keepen fan Steijn, super slidings fan Gjelt en in bytsje gelok gie de bal der bij harren net yn! De snelle counters fan SDS/VVNijland wiene flymskerp, dat Redmer koe mei goed útkappen fan syn man sa de 3-2 meitsje. De mannen krigen doe fleugels. Alles op alles om Minnertsgea mar te ûntregeljen. Dat slagge. Sije kaam der wer yn foar Jasper en Thomas Oane foar Jelmer. De wyn holp om druk te hâlden en nei de 4-2 fan Sije wie de wedstriid spile.
Wat in mooie kampioenspot wie it wurden. De 35 man publyk fan SDS en Nijlân kin grutsk wêze op disse kampioenen. Ús takomst! De patat wie dik fertsjinne en smakke dan ek lekker! Oan’t nei de winterstop!
Tsjeard, Jelmer, Hans en Gosse.

NOK 1 – SDS 1 3-3

Je kunt je van alles afvragen, nadat de kruitdampen rond de wedstrijd NOK -SDS opgetrokken zijn. Hoe kan het dat NOK juist vandaag boven zich zelf uitsteeg en zijn doelpunttotaal met 40% opplust tegen dit goed verdedigende SDS? Hoe kan het dat SDS drie keer scoort en toch niet wint?
Wat minder vraagtekens roept de hattrick van Marco, vandaag evenknie van Liverpool vedette Salah, op. Dat was niet minder dan een drievoudige demonstratie aan alle voetballers van de wereld hoe je een penalty hoort te nemen: een flinke aanloop en vervolgens een snoeierharde kogel dwars door de goal heen. Zonder pardon. De keeper heeft er morgen nog oorsuizingen van.
Verder kun je je afvragen waarom SDS niet vaker een wedstryd wint die echte strijd, passie en vechtlust vraagt. Hoe kan het dat het oogt alsof bijna elke eigen hoge bal door NOK veroverd wordt en ook de 2e bal gemist wordt? Dan kun je je ook weer afvragen waarom je, als je minder bent in de hoge ballen, je niet zo gaat voetballen dat je uit die duels blijft. Wat je je niet hoeft af te vragen is of SDS uberhaupt wel kan meedoen in de 3e klasse. Zeker wel. Er werd toch een punt gehaald. Bovendien was het bij vlagen ook best leuk om te zien, zeker na de pauze.
De aanleidingen van de penalties waren drie 100% kansen, evenals een schot en kopbal in de slotfase. Dus er werd wel degelijk wat gecreëerd. Iets meer strijd en beleving, wat minder glibberpartijen en iets meer venijn in de aanvallen en het valt binnenkort echt wel op zijn plek allemaal.
Tjerk

SDS Vr.1 – fc Harlingen 1 0-1

De froulju fan SDS ferlearen jammerlijk fan fc Harlingen mei 0-1.

SDS 2 – Zeerobben 2 1-2

By SDS 2 is it al in pear wiken itselde ferhaaltsje. Sels de kansen misse en de tsjinstanner makket him úteinlik al. SDS kaam mei 1-0 efter, mar troch in kadootsje fan Zeerobben waard it 1-1 troch Dirk. Yn de 71e minút makke Zeerobben der úteinlik 2-1 fan en dogge sa noch altiten mei om it kampioenskip. SDS 2 sil nei de winterstop sjen as sy de bal makkelijker yn it netsje krije kinne.
Zeerobben mei dizze wike foar 1 minút nei Urk…….
Op de webside fan Zeerobben kinne je allegear foto’s fine fan de wedstriid makke troch Frans Bode en in alderaardichst ferslach. Sjoch hjir.

Blauw-Wit ’34 – SDS 3 4-3

SDS 3 hie de earste helte de wyn yn de rêch, mar kaam dochs mei 1-0 efter nei in lyts foutsje efteryn. Mei dy stân like SDS ek de rêst yn te gean, mar krekt foar rêst waard it dochs noch 2-1 troch goals fan Dirk-Yde en Jildert. Yn de rêst moast keeper Peter Stuiver yn de klaaikeamer bliuwe mei in ferstûke finger en mocht Harm-Auke op de goal. SDS jûch net in kâns fuort en doe Jildert der knap 3-1 fan makke like SDS op roazen te sitten. Op ‘e nij in lyts foutsje efteryn levere de 3-2 op en de Ljouwerters krigen wer alle fertrouen. Twa skotten fanút it neat driuwende op de wyn soargen úteinlik ek noch foar in oerwinning foar Blauw-Wit.
Foar SDS 3 is it no ek winterstop. Sjen as sy nei de winterstop de wedstriden al winne kinne wêr ’t sy eins better binne.

De Jo19 krijgt voetballes in laatste wedstrijd voor winterstop

Afgelopen weekend stond de laatste wedstrijd van 2018 op het programma voor de JO19-1 van SDS. De wedstrijd moest in Sneek gespeeld worden tegen niemand minder dan LSC JO19-1. De ploeg uit Sneek had al zijn wedstrijden nog gewonnen, en dit gebeurde niet met de minste cijfers. Nummer twee Workum werd zelfs met 8-1 van de mat gespeeld. Het was voor de ploeg van Henk Mulder en Pieter de Boer dus duidelijk dat dit een hele zware wedstrijd ging worden. De ploeg moest proberen de schade te beperken tegen deze 4e divisie waardige ploeg. De JO19-1 heeft echter al vaker tegen respectievelijk sterkere tegenstanders gevoetbald, dit ging tot nu toe de jongens altijd prima af. De opdracht was dan ook om nogmaals te laten zien dat er in dit team veel meer zit dan dat vaak gedacht/gezien wordt.
Na de warming-up van een halfuurtje kon de wedstrijd beginnen. Al snel werd bevestigd hoe goed de ploeg uit Sneek was. De JO19-1 had het zwaar zich hiertegen te bewapenen. Na een snelle tegentreffer herpakte het team zich echter en kwam het zelfs op een 1-1 te staan, dit door een werkelijk fabuleuze treffer van Kent van der Schaar (spits van beroep). De aanvaller van de JO19-1 kreeg de bal pardoes voor zijn voeten, waarna hij eerst nog een of twee keer inhield en wachtte tot de keeper lag, waardoor hij de bal met een fluwelen hakje over de al liggende keeper kon stiften, om zo ‘the goal of the season’ binnen te schieten. Met dit doelpunt liet Kent eindelijk zijn vorm van de trainingen zien, waar hij alle ballen vanuit alle hoeken binnen schiet. De JO19-1 was weer terug in de wedstrijd. Een resultaat leek nog mogelijk. Jammerlijk kon dit gelijkspel niet volgehouden worden tot de rust. Vlak voor het einde van de eerste helft maakten de mannen van LSC namelijk nog de 2-1 en de 3-1.
De spelers van de JO19-1 waren ondanks de 3-1 achterstond nog best tevreden over hun eerste helft. Dit kwam mede doordat men vond dat er goed partij was gegeven aan een ploeg die op papier vele malen sterker zou moeten zijn.
De tweede helft was echter heel anders, LSC maakte direct na de aftrap de 4-1 al, waarna het verzet van SDS gebroken was. De doelpunten vielen in de 2e helft nog sneller dan regendruppels in een hoosbui, voordat je met je ogen kon knipperen had LSC alweer en doelpunt gemaakt. Uiteindelijk eindigde de stand in 11-1, waarmee het team toch niet tevreden kon zijn. Het maakte de spelers echter al niet meer zo veel uit. Ze gingen nog lachend op de foto met het scorebord, waarop het 1-1 was geworden. Dit omdat het niet verder kon tellen dan 9.
Na de afgang in Sneek zit het eerste halfjaar voor de ploeg van Henk Mulder en Pieter de Boer erop. De ploeg kan terugkijken op een aantal mooie resultaten, maar vooral ook veel mindere resultaten. De kwaliteiten van de ploeg leken er in het eerste halfjaar nog niet echt uit te komen. Gelukkig heeft het team nog een halfjaar te gaan, waarin veel goedgemaakt kan worden. De eerste speelhelft kan vergeten worden, Dit mede doordat de JO19-1 een halfjaar competitie speelt. Volgend jaar dus letterlijk nieuwe ronden nieuwe kansen.
De Eerste wedstrijd van het nieuwe jaar staat al op het programma. Zaterdag 26 januari neemt de Jo19-1 van SDS het in een oefenwedstrijd op Sportpark de Schatzenburg in Menaldum op tegen de kampioen van de andere 1e klasse DFC.
Steven Vellinga

De spelers van SDS JO19-1 na de verloren wedstrijd tegen LSC JO19-1.

Efkes wat langer balje


Der moat noch mear emoasje tv komme, want minsken hâlde dêr fan. Yn hast alle healwize programma’s op de beste tiid fan de jûn wurdt er wat ôf prottele, snottere en grynd.
Ek it fuotbal sit feitlik fol emoasje mar de saakwaarnimmers en kommunikaasjetrainingen leare de belutsenen yn of neist it fjild earst hoe’t se mei de hân foar de mûle prate moatte.
Fox Sport hat in lytse poging dien om út de klaaikeamer yn it skoft en nei de wedstriid de emoasjes sjen te litten mar dizze proef slagge net, want ek no waarden de emoasjes wer op slot sletten.
Bij it Efkes Baljen (is de namme noch goed?) wie juster in earste proef om emoasjes yn it fjild tidens de wedstriid heare te litten. Op fersyk fan Fox Sport Emoasje.
Allinne de drokste spiler droech in mikrofoantsje, sûnder dat hij dat wist en syn emoasjes waarden bij de bylden “utstjoerd”.
Hij wie gelokkich lekker drok justerjûn en sa wie syn kommentaar tagelyk it kommentaar wat bij de bylden paste. Kommentatoren moatte freze foar harren baan at dit in ferfolch krijt.
Hij liet him sa as altyd foar en efter sjen en hij liet him foaral ek wer heare bij skitterjende bewegingen, bij no look passes, bij missers en bij heechsteande doelpunten.  En sa krigen de harkers mei troch it kommentaar dat de ploech sûnder hesjes krekt efkes makliker fuotballen en net mei bruut geweld skoarden, hoewol dat ek besocht waard.
It wiene foaral de skowerkes fan Sipke. At dy 5 meter fan it doel is mei de bal dan sjocht hij altyd in hoekje wêr’t dy bal yn kin en in gatsje wêr’t dy lâns kin. Sipke gie nei ôfrin mei tenminste twa ballen nei hûs.
11-9 waard it úteinlik foar de hesleazen.
De finale waard in emoasjespektakelstik.
Emoasjes fan teloarstelling en wurgens. De 1-0 foar de hesjesploech foel al gau mar it duorre en duorre mar foardat de gelykmakker of de winnende foel. Ek in bui makke dêryn net it ferskil.
Der kaam ûnferwachts in ein oan de prachtige striid.
Troch de technyk.
Der wurdt noch útsocht at de batterij yn de mikrofoan gjin lucht mear hie of at Johan syn batterij leech wie. Feit is wol dat it Efkes Baljen nei 83 minuten stop setten waard op fersyk fan Fox Sport-emoasjeTV.
De emoasjes nei dit ûnferwachte ein laaiden net op. Sij sûnder hesjes fûnen it prima en sij mei hesjes protestearden fansels ek net. It wiene dan ek oranje hesjes en gjin giele.
Sûnder hes: Ferrie, Menno, Kerst, Syb en Sipke
Mei hes: Johan, Frank, Harrie, Foeke Dirk en
Aant