Weppers tiisdei 11-1

SDS 1 fjild op it OFK
10 januari 2011
Weppers woansdei 12-1
12 januari 2011

SDS 1 seal troch nei finaleronde OFK
SDS 1 seal is der juster yn slagge om de finaleronde fan it OFK te heljen. SDS 1 wûn de earste wedstryd fan Oeverzwaluwen mei 2-1 en ferraste yn de twadde wedstryd troch mei 2-1 te winnen fan Avanti. De tredde wedstryd waard in makkelijke 6-0 oerwinning op Ropta Boys. Hjirnei moast in lykspul tsjin FVC hast genôch wêze foar in finalerondeplakje. Dizze wedstryd waard jammerlik mei 1-0 ferlern krekt foar tiid. Trochdat Avanti yn de earste wedstryd fan FVC wûn hie kamen sy tegeare mei SDS lyk te stean. It doelsaldo fan FVC en SDS wienen lyk en dat fan Avanti iets better mei noch ien wedstryd te gean. Om ’t FVC mei 6-0 wûn fan Ropta Boys en SDS hjirnei syn lêste wedstryd pas hie wist SDS wat sy dwaan moast. Mei 7-0 winne dus fan CVO. Dit slagge ek noch. ‘Teinlik wie dit al ien doelpuntsje te min om groepswinner te wurden boppe Avanti.
SDS 1 sit no sneon yn in poule fan 4 mei LSC 1 zaal, VV Oosterlittens 1 zaal en Futsal Buitenpost 1. De earste 2 geane troch nei de finales. De wedstriden begjinne sneon om 10.00.
Sjoch hjir foar it ferslach op de webside fan ZVF.

Humor

Der is klaaikeamerhumor, spilers humor, trainershumor en der is ek liedershumor. In moai foarbyld bij SDS. De âlders fan D1 krigen in mailtsje fan Tjerk van der Pol mei it berjocht dat it trainen op it keunstfjild yn Snits op  moandei begûn.
Tjerk frege twa dingen:
1) Rijders: De uitdaging ligt nu in een mooi haal en brengschema.
2) Sterke vrouwen of mannen die het veld even mee uitrollen.
Foar it earste punt wiene genôch gadingmakkers mar ek foar it twadde punt melden harren 6 âlders. Dat kaam fansels troch de libbensechtefoto dy’t Tjerk der bij dien hie.

Traine yn Snits



Prachtige omstannichheden justerjûn yn Snits om te trainen. E3 mocht om 17.30 begjinne en E2 en D1 folgen om 18.30. In prachtich inisjatyf en de jeugd fûn it prachtich.

Wenne
It moast fansels allegear efkes wenne nei in koarte winterstop. In flak en snel fjild soarge der foar dat de bal wolris trochskeat. Mar de nocht en wille om te tranien wie seker hiel grut bij E3. Allinne 17.53 wie de konsintraasje efkes fuort. Want doe wiene it allegear sirenes. “Wat is der? frege se harren ôf.

Wij hawwe it efkes neisjoen. Der wie brân jonges.

SDS-trainingspakken
Binnenkoart bestelt SDS wer trainingspakken. Wa noch in trainingspak nedich hat kin dit fia de webshop bestelle.

Riedsel 
Wat is it ferskil tusken Sneek/WZ en ONS Sneek?

Eeltsje Postma

Sliep ut?
Harm-Auke en Vera ha in nij bêd kocht. Harm moast ûnder wurktiid hjir noch even efteroan belje en frege op kantoar as se it nûmer fan MediaMarkt foar him opsykje koenen. Harm belje; ‘ ik ha by jim in bêd kocht en dêr soe ik noch even oer belje’, de man oan de oare kant fan de line wie der stil fan.
‘Wat zegt u? Sinds wanneer verkopen wij bij de MediaMarkt bedden dan? ‘.
Doe foel it kwartsje, Harm moast fansels ‘Beter Bed’ ha…..Lekker koese!

Snertrin
Wy kamen op it ynternet ek noch in foto tsjin fan de snertrin:
Snertrin 2011.JPG
Dit sil wol krekt nei de start wêze.

Harsens derby (375)
Sergio van Dijk fuotballet yn Australië. Yn Nederlân rekke hie nea in pipernút, mar “Down Under” wit hy it stadion op de kop te krijen: