Weppers woansdei 12-1

Weppers tiisdei 11-1
10 januari 2011
Weppers tongersdei 13-1
12 januari 2011

SDS 1 fjild ek troch nei finales fan OFK
SDS 1 fjild is der lykas it sealteam yn slagge om de finales fan it OFK te berikken. Sy waarden juster twadde yn de poule.
SDS – Harlingen 1-2
SDS –DTD 3-2
Wardy – SDS 1-4
Trynwalden (zaal) – SDS 0-2
SDS – Balk (zaal) 0-2
Harlingen earste yn de poule mei 12 punten.
SDS twadde yn de poule mei like folle punten (9) as Wardy mar wij hiene in better doelsaldo (ien goal ferskil). 
Sneon moat it al better, oars binne we foar it iten wer thús.
Groetnis,
Marco
Sjoch
hjir foar it ferslach fan tiisdei op de webside fan ZVF.
SDS 1 fjild sit sneon yn elts gefal yn in poule mei SC Franeker fjild. De oare 2 ploegen moatte harren jûn pleatse.

SDS 4, 5 en 6 traine yn de seal
SDS 4, 5 en 6 traine jûn yn de seal yn Easterein fan 20.30 oan ’t 22.30. Allegear efkes €2,- meinimme.

Opjaan
Ynmiddels binne der al mear as 100 fuotballers dy ’t harren opjûn hawwe. Mocht der noch ien by wolle dan is it hjoed de lêste dei om dy op te jaan
Klik op it logo en ful it formulier yn.


Hè?
“Moatte jim no sneon yn de finale, heit?”
“Nee, wy moatte earst noch yn in poule fuotbalje, Tom”.
“Hè, wat? Yn Liverpool???”

Harsens derby (376)
Y.f.m. heabroei kin dizze man miskien better earst efkes ûnder de pomp: