Weppers tiisdei 10-7-2018

Jelle de Boer hat syn 2500 VI’s
28 juni 2018
Kampioen en topskoarder
13 juli 2018

Kompetysje-yndielingen

Wy sjogge út nei de kompetysje-yndielingen fan kommend seizoen yn de A-kategoriën. It is allinnich noch akelich stil by de KNVB.

SDS Vr.1

De seleksje fan Vr.1 foar folgend seizoen liket al wer aardich foarm te krijen. Tsjitske Heeres en Agnes Posthumus stopje spitich genôch by SDS, mar Akke-Rixt Zijsling giet wer fuotbaljen. Dêrneist hat Elske Galema oanjûn fan sc Bolsward nei SDS te wollen en hat in âld-SDS’ers oanjûn wol wer by de froulju fuotbalje te wollen.

SDS 2

SDS 2 sil tongersdei kennis meitsje mei de nije trainer Okke van der Kamp. Sy komme om 19.30 oere gear yn de kantine. Okke sil dan ek it oefenskema bekend meitsje.

Op nei VVI!

Op sneon 25 augustus is it de bedoeling dat sawol SDS 1 as 2 te oefenjen sille nei VVI. Dêrnei sil der in barbecue plakfine. As der genôch lju binne dan is it idee is om der yn in bus hinne. Wa ’t mei wol jout it mar efkes troch oan Willem.

Wommelser Kampioenskip

Yn Wommels wurdt fansels dizze simmer ek wer it Iepen Wommelser Kampioenskip fuotballe. De folgende edysje is woansdeitejûn om 20.00 oere. Elkenien is wolkom op it skopfjild yn Wommels!

Harsens derby (2036)

Ho!