Jelle de Boer hat syn 2500 VI’s

Seleksjes 2018-2019
24 juni 2018
Weppers tiisdei 10-7-2018
10 juli 2018

Doazen fol Voetbal Internationals

(út de Treffer fan juny 2018, oanfuld mei foto’s)

At je ferhúzje komt er hiel wat los, witte in soad minsken út erfaring. At je dan ek noch ferhúzje fan in pleats op Skrok mei in soad romte  nei in boargerwenning yn Wommels dan kinne je der wol mei oan wêze. Dat jildt yn sekere sin foar Jelle de Boer dy’t ynienen foar de kar stiet wat hij no moat mei al dy doazen fol mei Voetbal Internationals.

Op in moaie tongersdeitemoarn seach ik efkes mei Jelle bij syn sammeling op Sebearestate op Skrok. It begong allegear yn septimber 1969 doe’t de famylje de Boer wenjend op de Sinterklazepleats ûnder Iens it blêd Goal – Sportspiegel)  kocht.  Heit, broer en Jelle hiene alle trije ynteresse foar fuotbal. Dat earste blêd befoel goed en se namen in abonnement.  Neist Goal wie Voetbal International der ek al 4 jier en dat blêd stie “sterker” yn de merke as Goal en nei in pear jierren waard Goal oernommen troch VI. Fanôf dat momint (1971) wie Jelle abonnee fan Voetbal International.  At je der fan útgean dat der sa’n 50 boekjes yn it jier útkomme dan is it oannimmelik dat der sa’n 2500 blêden yn de talrike doazen sitte.

Foar de wat âldere fuotballeafhawwer dy’t al dy 50 jier it fuotbal ek folge hat, in prachtich sneupobjekt. Want at ik in willekeurich blêd út 1972 pak dan sjocht it er allegear wol bekend út seker dy nammen fan de teams

Jelle jout oan dat hij it measte wol lêzen hat. Net alles, want de lêste jierren wurdt it wol wat minder en bliuwt it boekje soms earst dagen yn it plastik sitten foardat hij syn favorite stikjes der útpikt.

Wat hij allang net mear lêst binne de stikjes fan Nico Dijkshoorn. Dat fynt Jelle koartsein neat.  At ik dêr op Skrok in oantal blêden trochblêderje en al dy foto’s sjoch fan ploegen dy’t der hast jierren itselde útseagen dan docht dat wol wat mei de herinnering.

De earste blêden kosten per stik 1 gûne en foar in fernsjierabonnement moasten je 9 gûne betelje. Op de lêste VI stiet dat in los nûmer 4 euro 25 kost en foar dyselde trije moanne wurdt er 37 euro 50 ôfskreaun.

“Wat no”, freegje ik Jelle. Jelle moat it antwurd noch skuldich bliuwe. Hij soe se it leafst allegear hâlde wolle. Net om yn te lêzen, net om yn te sneupen mar gewoan as in besit, in weardefol besit omdat er se sels allegear bewarre hat en omdat hij der meastal mei in soad genoegen yn lêzen hat.

“Se geane net yn de houtkachel en ek net yn de âld-papier kontainer”, sa jout Jelle oan. At ik se al kwyt wol of kwyt moat fanwege de romte dan hoop ik dat der ien of mear leafhawwers binne dy’t goed op de “skat fan Skrok” passe wol.

 

 

 

Losse nûmers 1 gûne

Hylkema yn it stjerrenteamNico Scheepmaker wenne doe yn PeinjumEchte talinten bij Jong Oranje

NIcht loelen …. Happel

De earste Goal

1971: Goal giet op yn Voetbal International

sc Hearrenfean mei de jonge Kees Kist

Jelle mei de skat fan Skrok   

 

VI maaie 2018

Los nûmer no 4 euro 25