Weppers tiisdei 1-12

Weppers snein 29-11
29 november 2015
Projekt keunstgers!
1 december 2015

Traine?
Der kin hjoed net traind wurde op de trainingsfjilden. Sy binne te wiet. It MFT is wol beskikber. SDS 2 traint hjir op fan 20.15-21.30 oere.

SDS en Frans Munsterman nei it seizoen útelkoar
Nei dit seizoen nimme de trainer fan SDS 1, Frans Munsterman, en SDS ôfskie fan elkoar. Frans hat dan 2 jier trainer west by SDS.


Fan herte lokwinske!!
Vera de Vries en Harm-Auke Dijkstra binne de grutske âlden wurden fan lytse Wout! Fan herte lokwinske! Wy winskje harren in bult sûnens en wille ta mei syn allen.
Wout sjocht it sels hielendal sitten;
Hjir bin ik eindelijks! Mien namme is Wout Dijkstra en at ik it sporten fan mien mem ha wurd ik de nije topscoorder aller-tiden fan SDS!!”


SDS-klean
Mochten er noch leden weze die SDS klean ha wol dan moatte sy my efkes maile of skilje. Dan kin der noch wat regele wurde foar Sinterklaas De maten 164 en 152 yn de trainingspakken ha ik op dit moment net mear. Die komme ein dit jier wer
Reitsmadj@hetnet.nl of 332500.

Projekt keunstgers
Juster hawwe lju fan de Skoalleseize, de KF en SDS om tafel west om de financiën te bepraten oangeande de ôfslúten projekten (klaaiboksen en B-fjild) en it folgende projekt; keunstgers! Jûn mear hjir oer!

Trainen SDS 2
SDS 2 traint jûn op it MFT. 

Traine? Wol op it MFT!
Mochten de trainingsfjilden te wiet wêze om op te trainen, dan kin der op it MFT traind wurde. 
Oer it MFT kinne jim hjir alles lêze. By fragen kinne jim kontakt opnimme mei Oetze Paauw. Syn tillefoannûmer stiet wol yn de link.

Standen
De tuskenstanden yn de kompetysje fan it fjildfuotbal. Sjoch
hjir.

Programma
Kommende sneon 5 december is der wer in aardich folslein
programma

Sealtrainen
De mannen fan C3 hawwe fannemiddei fan 16.45-17.45 trainen yn de seal fan de wepmaster mei it koartste burd.

Trefferkes
Sa hjitten de koarte berjochten yn de Treffers.
Dizzen binne fan desimber 1982.

Harsens derby (1634)
Fansels barde it geregeld op trainen dat Jacob-Klaas Haitsma poorten wurdt troch Frans Munsterman.