Weppers tiisdei 1-11-2022

SDS-League: Happy Feet en Teamnamme folget diele de wykpriis!
31 oktober 2022
Weppers freed 4-11-2022
4 november 2022

Ferkearde SDS-sokken

Op dit momint binne der efkes gjin SDS-sokken te krijen y.f.m. in produksjefout. Hooplik hawwe wy sneon wer nije SDS-sokken yn de bestjoerskeamer. Lju dy ’t binnen in moanne stikkene SDS-sokken hienen mei in skuor oan de boppeside kinne sy nije wike fergees ruilje foar nije yn de bestjoerskeamer.

Ferslach SDS 5

“Hielpen 2 verliest van het ervaren SDS 5”, dat is de kop fan it ferslach fan de wedstriid fan SDS 5 ôfrûne sneon. Jim kinne hjir lêze wat de Hylper skriuwer der fan fûn.

Pechfûgel

De grutste pechfûgel fan it wykein wie Jens Hiemstra fan de JO19-1. Yn de wedstriid tsjin Oudehaske JO19-1 skeat foar de 2e kear dit jier syn skouder út de kom. Wy winskje him betterskip!

SDS 2 seal woansdei thús

Kommende woansdeitejûn mei SDS seal 2 it opnimme tsjin vv Blauw Rood ’20 út Boalsert.
Om 21.00 oere giet it los en wij hoopje dat se winne en……dat der in teamfoto makke wurdt ( ek al binne se der net allegear).
Fan alle spilers in foto foar dizze bledside soe ek moai wêze.

SDS Vr.1 mei wer los!

Kommende freed meie de froulju fan SDS Vr.1 wer los. Sy fuotbalje dan yn Easterlittens. It idee is dat it frouljusteam dan ek efkes op de foto komt.
Freed 18 novimber spylje de froulju thús yn Easterein. Set dat mar fêst yn de aginda.

Harsens derby (2106)

Sommige keepers kinne prima fuotballe, mar dat wol net sizze dat alle fuotballers ek keepe kinne: