Weppers freed 4-11-2022

Weppers tiisdei 1-11-2022
1 november 2022
Sneon 5-11-2022
4 november 2022

SDS Vr.1 mei wer los!

Jûn meie de froulju fan SDS Vr.1 wer los. Sy fuotbalje yn Littens. Dit is it programma:
19:50 tsjin Tzummarum
20:10 tsjin Dronryp
20:30 tsjin Easterlittens
21:10 tsjin Wykels/Hallum

Makkum 1- SDS 1

Om 15.00 oere yn Makkum de wedstriid Makkum 1 – SDS 1.
Makkum 1 hat 6 punten en SDS 1 hat er 10, mar dat seit allegear neat.
De seleksje: Mark, Douwe-Jan, Erik, Frank, Gerbrand, Habtamu, Kevin, Lourens, Luuk, Matthijs, Pieter, Steven, Wesley, Wierd, Bauke en Tsjipke.

SDS 2 – Oudehaske 2

Oudehaske 2 hat krekt as SDS 2 ien kear wûn. It ferskil fan ien punt komt troch in gelykspul.  Om 14.30 oere op de Skoalleseize yn Easterein.
De seleksje: Arjen, Eeltsje, Jeffrey, Jort, Jurjen, Lieuwe, Sietze, Tim, Tom, Wessel S., Jelmer, Bote, Anne en Jesse.

AVC 2 – SDS 3 g.n.t.

Beide ploegen hawwe de measte doelpunten tsjin yn dizze kompetysje fan mar 8 teams. Hooplik komt dêr dit wykein feroaring yn. De wedstriid giet namelijk net troch om ’t SDS te min spilers hat. Fan alle ploegen yn de kompetysje hat SDS 3 oant no ta de measte wedstriden fuotballe, dus dit lûkt de stân moai rjocht. As de blessuregolf by SDS 1 nije wike wat efter de rêch is dan kin SDS 3 hooplik nije wike foar it earst dit seizoen mei de eigen seleksje balje.

SDS 4 – Oeverzwaluwen 3 g.n.t.

SDS 4 hat oansluting fûn mei de suptop. Oeverzwaluwen stiet ien nei lêst. Hjir sil net hiel folle oan feroarje, want Oeverzwaluwen hat net genôch spilers om sneon te baljen. De wedstriid giet dan ek net troch.

Nijland 3 – SDS 5

SDS 5 hat it goed op oarder. Eltse wike gewoan 14 fitte spilers op papier en dan kin der eltse wike noflik balle wurde. SDS 5 is dêrneist ek noch de grutske koprinner. Nijland 3 hat it wat lestiger yn dizze kompetysje. In streekderby stiet altyd op him sels, mar…….
De seleksje: Gert-Jan, Harm D, Harm S, Klaas, Kerst, Ronny, Stefan, Feite, Robert, Tjeerd, Peter, Jan-Simon, Jentsje en Dennis,
Daan flagget.
Fertrek: 13.30 oere
Balje: 14.30 oere

Efkes Balje needgjalp

SDS 3 en SDS 4 gean net troch sneon. Bij it Efkes Baljen hawwe se freedtejûn in pear man te min.
Wa wol in oerke balje om 19.30 oere. Der binne 6, wij wolle der graach noch wol 4 bij ha. App efkes nei 0655117582 at jim meidwaan wolle.
Wij kinne dan om 17.30 sjen at er genôch binne.

SDS 2 seal ûnderút

Woansdeitejûn hat SDS seal 2 it opnommen tsjin vv Blauw Rood ’20 út Boalsert. Dit is al foar de twadde kear dit seizoen. De earste wedstriid waard noch wûn mei 6-2. No wûnen de Boalserters mei 6-2.
De teamfoto komt der oan.

Lokwinske!

Anne Stenekes fan SDS 3 is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Ik tink 44…

Harsens derby (2107)

Toet, toet!