SDS-League: Happy Feet en Teamnamme folget diele de wykpriis!

Weppers snein 30-10-2022
30 oktober 2022
Weppers tiisdei 1-11-2022
1 november 2022

Mei mar 7 wedstriden yn de Eredivisie dit wykein wienen der hiel wat minder punten te ferdielen as ferline wike. 40 punten wie dizze wike genôch foar ‘Happy Feet’ fan Emke en Habtamu de Hoop en ‘Teamnaam volgt’ fan Dirk Stegenga om de wykpriis te pakken. Dirk is de earste dy ’t earder in wykpriis hat dan in teamnamme.

Mei noch 2 wiken te gean liket it der op dat Jan-Friso Bruinsma mei ‘Bergosso’ goeie saken dien hat. Hy stiet boppe-oan en hat mar leafst 22 punten foarsprong op de nûmer 2; De Regenjas fan Kris Gaastra en Thor Ruiter. Of soe fant hjerst ‘De Regenjas’ der noch mei de haadpriis fan troch gean?

Kevin den Haan fuotballet ynmiddels al wer nei syn blessure, mar in soad punten yn de SDS-League levert dat net op. Mei ‘Grauwe Strijders’ stiet hy noch altiten ûnderoan.

 

SDS League 2022-2023 stand earste helte wike 7