Weppers tiidei 27-1

Keunstgêrs foar SDS!(2)
26 januari 2015
It MFT is OK!
27 januari 2015

SDS 1
SDS 1 mei sneon út tsjin DWP. Wy binne benijd as it yn Sint-Jânsgea al trochgean sil. Hooplik is it haadfild dêr better as harren trainingsfjild (klik
hjir).

SDS A1 jûn op it MFT!
Omdat het veldje voor de boxen “onbespeelbaar” is trainen de A’s vanavond op het MFT!!
Boudewijn


SDS 4 en 5 de seal yn
Woansdeitejûn om 20.30 oere geane SDS 4 en 5 de seal wer yn. Fansels nimme se allegear efkes in eurootsje mei.

SDS 1 seal hoecht net
De sealfuotballers fan SDS 1 soenen moarntejûn thús fuotbalje tsjin SC Bolward 1, mar de Boalserters hawwe ôfbelle. De wedstryd giet dus net troch.


Juan Román Riquelme stoppet
De lêste échte nûmer 10 fan de wrâld hat juster in punt efter syn karriëre setten; Juan Román Riquelme. Jierren spile dizze Argentijn foar Boca Juniors en efkes spile hy jierren werom foar Barcelona. Wy sille him, lykas syn “grutste” fan Martin Rienstra misse. Hjir noch efkes foar wa ’t Riquelme net kin:


SDS-Look-a-likes
Foar de folgende Treffer binne wy wer op syk nei SDS-Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy sjogge der nei út! 
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!


Harsens derby (1421)
De Cruijff-Olsen penalty kinne sy nei lang oefenjen no ek yn Japan: