Keunstgêrs foar SDS!(2)

Weppers moandei 26-1
25 januari 2015
Weppers tiidei 27-1
27 januari 2015

De SDS-keunstgêrskommisje is drok dwaande mei aksjes om de lêste €60.000,- byinoar te garjen foar de fernijing fan de klaaiboksen, it oanpassen fan it B-fjild en it oanlizzen fan it keunstgêrsfjild.

De Skoalleseize hat, troch it foar mekoar krigen te hawwen fan de finansjele tasizzing fan de Gemeente Littenseradiel, der foar soarge dat wy al in hiel ein binne.

Wy binne der no tichtby en it lêste moatte wy sels dwaan.
Oftewol:
Sy hawwe de korner naam en wy as SDS moatte him binnen koppe:


De aksjes dy ’t komme sille hooplik troch eltsenien droegen wurde sadat wy sa gau mooglik ús doel berikke sille:

GOAL!

Snein 1 febrewaris
docht de keunstgêrskommisje hjir út de doeken wat sy allegear fan doel binne!