It MFT is OK!

Weppers tiidei 27-1
27 januari 2015
Weppers woansdei 28-1
27 januari 2015

fbn18_r3_skoalleseize1

Sûnt april 2012 leit it MFT ynmiddels yn Easterein tusken de sporthal en de Skoalleseize yn. In Multi-Funksjoneel Terrein wat troch SDS brûkt wurde soe om op te fuotbaljen as de fjilden dit net ta lieten.
Spitich genôch moatte wy no hast 3 fierder konklúdearje dat wy as SDS der net folle gebrûk fan makke hawwe.
Hjir wolle wy graach feroaring yn krije.
Fansels dy it ek bliken dat it fjildsje net per geskikt wie om op te fuotbaljen, mar it fjildsje is ynmiddels oanpast mei hekjes oan de sleatkant, der steane goaltsjes en der is keunstljocht.
Mei in plofbal kin hjir dan ek prima op fuotballe wurde.
De leiders en trainers fan de jeugd hawwe ynstruksje hân, dus sy witte it te brûken.
By fragen kin kontakt opnaam wurde mei
Oetze Paauw: 06-30924027.

De beste fuotballers hawwe it fuotbaljen úteinlik ek leard op strjitte. Nim Alexis Sanches fan Arsenal (klik
hjir).

Hooplik kinne wy ynkoarten ris in SDS-toernoai foar de jeugd op it MFT organisere.

De trainer fan de A’s, Boudewijn Kramer, wie foarige wike yn elts gefal enthousiast:

Mannen,

Ik heb vanavond met de A’s op het MFT getraind en moet zeggen dat het me 100 % mee viel, mits je op “zaalschoenen” traint.
Vooral met een plofbal is het zeer goed te doen, en met de jeugd is het dus een goed alternatief voor kunstgras in Sneek.
Ik hoop dat er meer ploegjes op gaan trainen of getraind hebben zodat de bevindingen naast elkaar gelegd kunnen worden en er meer gebruik van wordt gemaakt.

groet,
Boudewijn.


fbn18_r3_skoalleseize2
Der moat skoord wurde op it MFT!