Weppers sneon 9-7

Weppers freed 8-7
7 juli 2011
Weppers snein 10-7
9 juli 2011

South-Park SDS’ers(6)
Wy hawwe no al sa ’n 25 South-Park SDS-popkes binnenkrigen, dus dat giet sa moai as wat. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der hjir alles oer lêze.
Hjir in skitterende Gerrie Snel fan Tseard Hofstra.

“Der is geen kip dy harder kin dan in bal…………..”

65
65 jier wurde mei sjoen wurde as in mylpeal. Dat helje wij net allegear. Teun Boonstra út Wommels is 6 july 65 wurden. Wij lokwinskje dizze âld fuotballer en no trou supporter en Treffer rûnbringer fan SDS fan herte mei dit heuchlike feit.

Oprop lotteferkeapers MultyFunksjoneel Terrein
Kommende tiisdei sille we lotten ferkeapje yn Winsum en Wjelsryp foar it multyfunksjoneel terrein. We kinne noch wol wat hulp brûke foar it ferkeapjen fan de lêste lotten. Wa kin ús tiisdei (18.30 oere) hjirby helpe? Meld dy oan by Tineke Meijer (tineke-robert@hetnet.nl as 06-4240 9757).
Wolsto ús helpe troch op dyn wurk lotten te ferkeapjen dan mei dat natuerlik ek! Jou mar efkes troch. De trekking fan de ferlotting is sneon 10 septimber.

SDS-skytpapier
Yn de takomst is dit miskien wol wat foar Nijlânsupporters. Echt SDS-skytpapier. Sis mar fan it Steltsje Domme Skiters(sjoch hjir).

WK-ferslach
It ferslach fan it WK fan tongersdei komt letter dit wykein miskien wol.

Harsens derby (514)
Foar Messi is it seizoen dúdlik te lang:



Letter miskien wol mear!