Weppers snein 10-7

Weppers sneon 9-7
8 juli 2011
Weppers moandei 11-7
11 juli 2011

South-Park SDS’ers(8)
Wy hawwe no al sa ’n 25 South-Park SDS-popkes binnenkrigen, dus dat giet sa moai as wat. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Sytse Hibma levere 7 popkes. Dit is ien fan syn moaisten; Jeroen Brouwer!


MFT

Al wer nijs fan it MFT. No in filmke wêryn jim sjen kinne dat Durk Okkema in beam op sleeptou nimt. Boppedat binne der meardere  foto’s te sjen.

Grutsk
Juster oan it begjin fan de jûn seagen wij in tige grutske Jappie Wijnia (SDS 5) op de koets mei dochter Sjanet, Martzen Deinum en Hedwich de Boer. De Nederlânske flagge yn de hân omdat Wommels it NK foar skoalfamkes wûn hat. Lokwinske.

It is wer los
“It binne mar oefenwedstriden”, sizze wij wolris, mar it liket allegear wol echt.
Sjoch
hjir en hjir.

WK-ferslach
It ferslach fan it WK fan tongersdei komt letter hjoed miskien wol en oars moarn.

Harsens derby (515)
Dit sjogge je net op it WK foar froulju: