Weppers moandei 7-7

Weppers sneon 5-7
5 juli 2008
Weppers woansdei 9-7
8 juli 2008

Leider/flagger
It frouljusteam fan SDS is noch altiten drok op syk nei in leider foar folgend seizoen. De wedstriden binne sneons om 14.30. Ek sykje de froulju noch in flagger. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik hjir).

Tarieding SDS 2
De nije trainer fan SDS 2, Klaas Okkema, is alwer hielendal klear foar it nije seizoen. Dit oefenprogramma hat hy gearstald(klik hjir).

Nij lid
SDS is wer in nij lid riker. Tjerk Ebbinge út Wommels is lid wurden. Hy wurdt yn novimber 6 jier en sil dus wol by de F’kes komme.

Nije haadsponser
Ús nije haadsponser foar de webside is noch altiten drok dwaande mei syn nije logo. As dat klear is dan komme wy mei de namme en fansels syn nije logo.

WK
Jûn om 19.30 oere wer in WK op it fuotbalfjild.

EK
It EK leit al wer in skofke efter ús, mar it is altiten wol leuk om noch efkes te sjen wat buro Renkema der fan fynt. Sij beanderje no in fraach fan
Marco Verbastert

Cambuur op toernee
Tiisdeitejûn sil Nijlân 1 it opnimme tsjin Cambuur. De wedstryd begjint om 19.00 oere en de entree is mar 5 euro.

Eindelijk
Yn Brazilië is der noch altiten in soad te dwaan oer de strafskoppen. De keepers binne min te sprekken oer de spilers dy ’t de strafskoppen nimme mei in saneamde “skijntraap”. Ien keeper hat it wykein eindelijk wraak nommen troch sa ’n penalty te keren(klik hjir).

Foar de mem fan ……
Ôfrûne sneon wie der in geweldich optreden fan de willepunkers fan Strawelte op Wâldrock. Sy kamen sels mei in nij nûmer.