Weppers sneon 26-6

Wk tuskenstân nei 48 wedstriden
25 juni 2010
Wk tuskenstân nei 50 wedstriden
26 juni 2010

Yme Zijlstra stoarn
Âld foarsitter fan SDS, Yme Zijlstra is stoarn yn ‘e aldens fan 86 jier.
Berne yn Hidaard en dernei hat hij wenne yn Easterein.
Yme Zijlstra waard de earste foarsitter fan S.D.S.
…”Hy wit noch bêst, dat it begjin net sa maklik wie. It wie flak nei de oarloch. Der wie net folle jild”.
Dizze sin komt út it boek “SDS 50 jier yn swart-wyt” .
Sneon 26 juni is de begraffenis yn Easterein.
Wy winskje de familje sterkte ta mei it ferlies.
namens
HB Bestjoer SDS
Douwe Reitsma
foarsitter

Op nei de top
Dooitze Nauta miende dat wij de gek mei him hiene, omdat syn nicknamme net oerien kaam mei syn prestaasje yn de Wk poule. Wij binne bliid dat ús ynspirearende wurden holpen hawwe:
Kinst wol de gek mei my hawwe, mar sjoch der, ik skow ek samar wer nei boppe ta. En dat is faak sa,moast altyd nei foaren en nei boppe sjen.
grtn dn

Kosponser

Anne Douwe de Boer fennoat fan Accelent hat in nij kontrakt ûndertekene mei vv SDS. Se binne fan 1 augustus 2010 co-sponser fan SDS. Accelent wie al langer sponser bij SDS mei in link op de webside. Dus om neier kennis te meitsjen mei Accelent klik
hjir.

Jesse en syn Jabulani
hallo WkFans.
Jammer dat ik geen Bonuspunten heb gescoord met de gele kaarten, maar
ik heb wel een echte Jabulani bal gescoord. Wie komt met mij een partijtje doen?
Groetjes Jesse Noordmans

Nederlân – Slowakije
Moandeitemiddei om 16.00 oere mei Nederlân wer oantrede. Je kinne sa’n wedstriid thús sjen mar it kin ek oars.
Beste gast, 
(Polygoan stim:) “WAARDE VRINDEN, HET WERELDKAMPIOENSCHAP VOOR LANDENTEAMS TWEEDUIZENDTIEN TE ZUID-AFRIKA IS SUCCESVOL BEGONNEN VOOR ONZE MANSCHAPPEN. KOMT DE KNOCK-OUT ZIEN IN UW IMMER FAVORIETE HERBERG DE JIMBAR. U BENT VAN HARTE UITGENODIGD OM DEZE MIETERSE SCHOUWSPELEN MET UW AANWEZIGHEID TE VEREREN!” 
Moandei fjouwer oere yn ‘e Jimbar: It Nederlanske fuotbalteam op twa skermen!
 
It Barfolk

Nederlân – Slowakije (2)
Hartsikke leuk fansels dat fuotbaljen sjen yn de Jimbar, mar der binne ek mannen dy ’t mei harren bêrn nei de swimles moatte (û.o. Peter Sybesma). Lokkich genôch hat it swimbad yn Wommels hjir rekken mei hâlden en hawwe sy der foar soarge dat der moandeitemiddei in skerm stiet yn it swimbad(of dernêst).

Undersyk
Alles wurdt der tsjintwurdich ûndersocht. Je kinne it sa mâl net betinke. Elsevier publisearre dizze wike it resultaat fan in ûndersyk nei it nivo fan oplieing fan oanfallers en ferdigeners. Jim moatte jim eigen konkluuzjes mar lûke.

Burdsje
Boulahrouz, Sneijder(wêr sit dat dan?), Van der Vaart, De Jong en Heitinga litte harren burdsje stean sa lang as Nederlân meidocht oan it WK (sjoch hjir). Boulahrouz is al ôffallen(it jokke sa.). Aardich spultsje fansels, mar it falt yn it neat by ien fan de wepmasters dy ’t syn burd stean litten hat sûnt it earste WK(Wommelser Kampioenskip)…….

Harsens derby (241)
Alderaardichst fansels dy 8e finales fan it WK mei û.o. VS-Ghana en Uruguay-Zuid-Korea, mar foar ús is der mar ien wedstryd en dat is fansels moarntemiddei Ingelân – Dútslân: