Weppers sneon 22-3

Weppers freed 21-3
21 maart 2008
Weppers snein 23-3
22 maart 2008

Programma
Yn Easterein gean de wedstriden fan de jeugd net troch. Om 9 oere is besjoen at SDS 2 en SDS 1 ek yn aksje komme kinne.
Hoe ’t it komt mei SDS 3, A1 en B1 hinget ôf fan konsuls bij oare fjilden. At wij wat heare dan komt it hjir te stean.
Alle wedstriden fan C, D, E en F spilers geane net troch.

SDS 1  spilet om 14.30 op fjild A
SDS 2  spilet om 12.00 op fjild B
SDS 3  is ôflast.
SDS A1 giet gewoan troch. Dizze wedstryd tsjin LSC wurdt namelijk op kuenstgêrs fuotballe(Feiko Broersma)SDS B1  ?
 
Wedstrydsponsoren
At SDS 1 – BCV 1 troch giet dan binne de folgende twa bedriuwen wedstriidsponsor:
Jimbar yn Wommels
Boubedriuw Kooistra Kûbaard
 
SDS 2 – DWP 2
SDS 2 die wer goeie saken. In 4-1 oerwinning. It ferslach fan Jeroen B. komt letter mar wij ferklappe alfêst de doelpuntenmakkers: Remco, Jelmer, Wichard en Feite.
 
SDS 1 – BCV 1
It ferslach Sikma komt noch mar wij ferklappe alfêst dat SDS 1 doelpunt makke en BCV 2.
 
Omrop Fryslân
Ek Omrop Fryslân komt hjoed lâns om ferslach te dwaan fan de wedstryd BCV- SDS. En dizze kear komt Hijlko gewoan wer. 
 
Twa miggen yn ien  klap
Ien fan de spilers fan SDS 5 jout syn tasnûmer troch en lit witte dat hij net mei de oaren yn de bus sitte wol.
ik kom in bus letter,hawwe ek wat praat no.
groetnis mr 99 

Fan in bussjoffeur
Ik wit net oft Daan wol wit dat it tsjinwurdich gjin FRAM mear is en dat hjoed de dei der saneamde Fryskers ynsetten wurde?  
It kin wol wêze dat mr 99 ferplichte wurdt in bus letter te nimmen! 
As it in bekinde is Daan, dan soargjet Stoffel der wol foar dat wy efkes ôfsetten wurde by You Neffer Wok Alone mar dat kin überthaubt ek in Dútser wêze en ja, dy kin gjin Sinees! In oprotwrotter wol earst kofje ha en makket gjin oer oeren en in nijerwetske Connexion sjauffeur hâld him oan de rigels en dan wurdt it neat! It hinget fan de âlde FRAM ôf Daan!
 
Sponserje
As je in rekken by de Rabobank Zuid-West-Friesland-Sneek hawwe dan kinne je de Rabobank freegje om €5,- te doneren oan SDS. Brûk dêrfoar dit formulier(klik
hjir).
Dizze adresgegevens fan SDS hawwe je nedich: 
Voetbalvereniging SDS
’t Heechhiem 11,
8734 GS Easterein

SDS Hinnaard?
Ja, sûnt juster wit de famylje Kamstra hjir alles fan. En mochten jim noch gjin plak fûn ha foar jim RABO donaasje, dan is SDS Hinnaard in goed alternatyf. It jild wurdt brûkt foar de jeugdaktiviteiten.
Gr. Immie 

Moarn mear!